Ons Tweede Thuis Frjentsjer sertifisearre

freed 16 july 2010

Sandra_Brenda_Engelina_Attie-DinyMaaie lêstlyn hat de fisitaasjekommisje fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) it taalbelied hifke op bernedeiferbliuw Ons Tweede Thuis yn Frjentsjer. De leden fan de kommisje hawwe in prachtige moarn hân op it bernedeiferbliuw. Ons Tweede Thuis hat de beskikking oer in moaie en praktysk yndielde romte. Yn in goede sfear wurdt in wiidweidich en aktyf programma oanbean. Der is in protte taalgebrûk en soarch foar alle bern fan jong oant ‘âld’.

 De liedsters Aly Rigt, Meiny, Janneke en Wilfrieda brûke harren taal konsekwint nei de bern ta. Se werhelje de wurden fan ‘e bern en beneame wat se dogge. Koartsein: se brûke safolle mooglik taal om de pjutten te stimulearjen yn harren taalûntwikkeling.

Ons Tweede Thuis oan de R. Koopmansstrjitte organisearre op sneon 17 april lêstlyn in grutte Kidsfair c.q. Iepen Hûs. Doe hat wethâlder D. Osinga-Bonnema it sertifikaat útrikt oan de liedsters fan it pjutteboartersplak. No is der dus ek in sertifikaat spesjaal foar it bernedeiferbliuw mei deselde namme.

Het Tweede Thuis falt ûnder de Stichting Kinderopvang Friesland. In organisaasje foar ferskate soarten berne-opfang: bernedeiferbliuw, bûtenskoalske opfang, fakânsje-opfang, gastâlderopfang, lytsskalige berne-opfang, fleksibele berne-opfang en pjutteboartersplak. By St. Kinderopvang Friesland stiet it bern sintraal. It bern moat him thús fiele en feiligens fiele.

De Stichting is op 21 maart 1991 ûntstien út de Stichting Gastouderproject Harlingen – Franeker en omgeving. De Stichting biedt berne-opfang yn in oantal gemeenten yn Fryslân.

 Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de pjutteplakken om harren wize fan wurkjen te beoardieljen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de ûntwikkeling fan it Hollânsk te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal.

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt flink ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 90 no.

Ek sjen:

  1. Pjutteboartersplak Het Tweede Thuis Sneon 17 april wie op pjutteboartersplak Het Tweede Thuis oan...
  2. De Krobbekoer Bitgummole sertifisearre Tiisdei 16 maart is as earste yn de gemeente Menaldumadeel...
  3. Poaskepôle Easterein sertifisearre Pjutteboartersplak De Poaskepôle oan it Heechhiem 11 yn Easterein offisjeel...
  4. Bernestate en Sinnebern wer sertifisearre Op 16 april krije twa bernesintra fan Catalpa yn Ljouwert,...
  5. De Lytse Skeakel Aldegea sertifisearre It sertifikaat ‘Frysktalich pjutteboartersplak’ is útrikt op pjutteboartersplak “De Lytse...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic