Pears Plus komt der net

tiisdei 20 july 2010

20100715_1090De ûnderhannelings oer in Pears Plus kabinet binne fan ‘e middei ôfbrutsen. De ûnderhannelers fan VVD, PvdA, D66 en GroenLinks koenen it net iens wurde.

RutteRutte: “Wy woenen de steatsfinânsjes yn oarder meitsje en de banemasine oanfiterje. Dat wie foar ús it foarnaamste by dizze koalysje. Der wienen mominten dat ik tocht: ‘fergemy, it sjocht der nei út dat we it foarinoar krije.’ We ha de maksimale rek socht mar it net opret.”

 

Neffens Rutte is de kâns op in Pears Plus kabinet no foargoed foarby.

CohenCohen (PvdA): “De piketpeallen dy’t de VVD slein hat om ûnderwerpen lykas finânsjes, wenningmerk en mobiliteit ha derfoar soarge dat wy gjin programma opstelle koenen mei in balâns dy’t foar ús winsklik wie.” Brekpunt neamt Cohen de 18 miljard oan besunigings, dêr’t er net mei de VVD oer akkoartsje koe om’t der gjin konsesjes op it mêd fan lêstferswierrings lykas it beheinen fan it ôflûken fan ‘e hypteekrinte of de kilometerheffing tsjinoer stienen. “Der ha moaie eagenblikken west mei nijsgjirrige fiergesichten.” Skielk op ‘e nij ûnderhannelings oer Pears Plus achtet Cohen tige ûnwierskynlik. Mar in middenkabinet mei it VVD en CDA sjocht er ek net sitten, om’t er dan deselde piketpeallen wer tsjinkomt.

PechtoldPechtold (D66): “Oant hjoed hie ik it gefoel dat we derút komme koenen. Mar hjoed die bliken dat it yn ‘e wurkgroepen allegearre wat stroever rûn. Spitich, want Pears Plus wie in kabinet dat generaasjes en lofts en rjochts ferbine kinnen hie.”  Einliks leaut Pechtold der nóch wol yn: “It wie dreech, mar ik hie it gefoel dat de ferskillen te oerbrêgjen wienen.”

HalsemaHalsema (GroenLinks): “Tige spitich. We fûnen it needsaaklik mei te dwaan oan in Pears Plus kabinet om reden fan de finansjele krisis en de klimaatkrisis. Foar ús is it wichtich dat der herfoarmings trochfierd wurde op it mêd fan wenningmerk, arbeidsmerk en mobiliteit. We ha alle fjouwer ferweegd, mar it is spitigernôch net slagge.” Halsema sjocht noch hieltyd wol mooglikheden foar Pears Plus.

Ek sjen:

  1. VVD wol no ek pears DE HAACH – De VVD is om en wol no...
  2. Formaasjekrisis yn Nederlân /update DE HAACH – Net allinne súdlik fan Breda is it...
  3. Rosenthal en Wallage ynformateurs DE HAACH – Ynformateur Herman Tjeenk Willink hat keninginne Beatrix...
  4. België komt der net út BRUSSEL – Ofrûne tongersdei hat de partij N-VA fan Bart...
  5. Komt der in rânestêdprovinsje? In doomscenario foar Fryslân wurdt miskien werklikheid foar de provinsjes...

1 reaksje op “Pears Plus komt der net”


  1. Nynke
    20 july 2010 21:30

    Wat jammer … :(

Realisaasje: Pronamic