Plysje fynt âld lyk by botsing
moandei 5 july 2010DOLLE – De Dútske plysje hat nei in deadlik ûngemak in makabere fynst dien. By it Noard-Dútske Dolle rieden justermoarn om in oere as fiif twa auto’s frontaal opinoar. Beide bestjoerders binne dêrby dearekke. Yn ien fan ‘e autowrakken fûn de plysje net allinnich de ferstoarne 59-jierrige bestjoerder, mar yn de kofferbak lei ek it lyk fan in jong frommeske dat al in skoft dea wêze moast.
It lyk seach derút as wie de frou mishannele wurden. Wêr’t se oan stoarn is, is net bekend.
Ek sjen:









