Poaskepôle Easterein sertifisearre

tongersdei 15 july 2010

Janna_Maya_Sjoeke_pjuttenPjutteboartersplak De Poaskepôle oan it Heechhiem 11 yn Easterein offisjeel sertifisearre as twatalich pjutteboartersplak.

Yn bywêzigens fan bern en âlden fan de beide groepen rikte Sjoeke Kampen fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) it sertifikaat út oan liedsters Maya Bonnema en Janna Wijnia. Sjoeke Kampen betanke mei moaie wurden, en yn de foarm fan in foarlêsboek, de liedsters likegoed as de frijwillichsters en helpmemmen en -heiten foar harren goede ynset en motivaasje. Ut namme fan Welzijn Middesee wiene der tankwurden en blommen fan Margriet Bekius.

De bern koene har binnen- en bûtendoar lekker tjirgje, der wienen koekjes en ranja en ta beslút pankoeken foar elk. Maya en Janna binne beide Frysktalige liedsters, dy ‘t konsekwint Frysk brûke. Neist it Frysk by it foarlêzen en sjongen wurdt der ek Nederlânsk foarlêzen en songen. Sa wurdt in learsume taalskieding berikt. It taalbelied wurdt bewust hantearre en is sichtber. De liedsters hawwe in ryk en ynteraktyf taalgebrûk by it foarlêzen en fertellen.

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt by de pjutteplakken del om harren wize fan wurkjen te hifkjen. It Frysktalige en twatalige pjuttewurk hat ta doel de twatalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen. Yn beide foarmen wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat ek de ûntwikkeling fan it Hollânsk te’n goede komt, en Nederlânsktalige bern komme boartsjendewei yn kontakt mei de twadde taal.

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en twatalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat dwaande is taalbelied yn te fieren, of al ynfierd hat, nimt flink ta, fan alve yn 2003 oant sa’n 90 no.

Stichting Welzijn Middelsee is in wolwêzensynstelling yn Fryslân. De Stichting soarget der foar, dat yn de gemeente Ljouwerteradiel foldien wurdt oan de fraach nei pjutte-, berne- gastâlder- en bûtenskoalske opfang en âlderen- en jongereinwurk. De Stichting fersoarget ek it pjuttewurk yn de gemeenten It Bilt, Menameradiel en Littenseradiel en foarsjocht sa yn de fraach nei âlderenwurk yn de gemeente Menameradiel. It Jeugd- en jongereinwurk fan de gemeenten Menameradiel en it Bilt falt ek ûnder de ferantwurdlikens fan de Stichting.

Ek sjen:

  1. Ons Tweede Thuis Frjentsjer sertifisearre Maaie lêstlyn hat de fisitaasjekommisje fan Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO)...
  2. De Krobbekoer Bitgummole sertifisearre Tiisdei 16 maart is as earste yn de gemeente Menaldumadeel...
  3. Bernestate en Sinnebern wer sertifisearre Op 16 april krije twa bernesintra fan Catalpa yn Ljouwert,...
  4. De Lytse Skeakel Aldegea sertifisearre It sertifikaat ‘Frysktalich pjutteboartersplak’ is útrikt op pjutteboartersplak “De Lytse...
  5. Lyts Underdak sertifisearre Tongersdei 9 septimber is pjutteboartersplak Lyts Underdak yn Ferwert sertifisearre...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic