Praat mar Frysk by plysje Fryslân

snein 4 july 2010

politie_04Minsken stelle it op priis dat sy te wurd stien wurde yn har memmetaal. Yn de winkel, op skoalle, yn de bus, mar ek by de plysje. It jout fertrouwen en skept in bân. Neist ferskate Fryske gemeenten en soarchynstellingen stipet ek Plysje Fryslân de kampanje ‘Praat mar Frysk’.

Troch oan te jaan dat ynwenners fan de provinsje Fryslân mei de plysje Frysk prate kinne, wolle wy as plysjekorps sjen litte dat wy net allinnich midden yn de (Fryske) mienskip steane, mar dêr ek ûnderdiel fan binne. Kontakten mei de plysje geane faak mank mei soms heftige emoasjes en it prate kinnen fan jo eigen taal kin yn dy omstannichheden positive effekten hawwe. Om witte te litten dat it Frysk wolkom is, stiet der op de baalje fan elk plysjeburo in kaartsje “Praat mar Frysk”.

 Plysje Fryslân wurdearret it wannear’t meiwurkers de Fryske taal fersteane en/of prate. It wurket nammentlik yn it foardiel fan elke plysjeman of -frou. It is klantfreonlik en profesjoneel. Dêrom krije de meiwurkers sûnt in pear jier de mooglikheid om in kursus Frysk te folgjen by de Afûk. Net ferplichte, wol gaadlik foar elkenien dy’t de Fryske boarger optimaal betsjinje wol.

 Boarne: http://www.politie.nl/friesland/projecten/plysjefryslansteuntkampanjepraatmarfrysk.asp 

Ek sjen:

  1. Praat mar Frysk by de dokter
  2. Praat mar Frysk-Talestikker
  3. Praat mar Frysk op TV
  4. Jorritsma praat Frysk
  5. Frysk ferstean personiel feartsjinsten

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic