Prinsipes dupearje sporters
freed 16 july 2010
In sportploech fan Noardamerikaanske Yndianen moatte it belije, omdat harren naasje net offisjeel erkend wurdt. It binne Irokezen dy’t meidwaan soenen oan it wrâldkampioenskip lacrosse, in hockey-eftich balspul dat harren eigen foarfaars meibetocht hawwe, yn Manchester. Mar it regear fan Grut-Brittanje wol harren gjin fisums jaan om’t hja gjin jildige Amerikaanske of Kanadeeske paspoarten hawwe. De Yndianen, fan de ferneamde Irokeeske Seis Naasjes, hâlde prinsipieel fêst oan harren eigen identiteitspapieren. Amearika en Kanada beskôgje se, hoewol’t se dêr wenje, feitliks as frjemde grutmachten, dêr’t se gjin offisjele dokuminten fan brûke wolle. Eartiids waard de prinsipiële opstelling fan de Yndianen wol akseptearre, mar mei de terroristedriging fan hjoed-de-dei wurde der strangere easken steld oan ‘e papiereboel. Dat hat no wol fan gefolgen dat it WK lacrosse juster út ein set is sûnder de Irokezen, dy’t net fierder kamen as New York. De presidint fan it Nasjonale Kongres fan Amerikaanske Yndianen, Jefferson Keel, hat der hjoed by de Britske earste minister David Cameron op oanstien en lit it Irokeeske tiim fuortendaliks ta.
Ek sjen:
- Yndianen net âldste Amerikanen TÜBINGEN – De hjoeddeiske yndianen binne net de oarspronklike bewenners...
- Sporters fan doe Hoe dogge se dat, de sporters fan doe, tocht ik...
- Omkeaperij troch FS-diplomaten NEW YORK – Amerikaanske diplomaten hawwe op grutte skaal politisy...
- De taal fan de foarfaars libbet wer CAMBRIDGE – De seisjierrige Amerikaanske Mae Alice Baird kin wat...
- Ynienen saluearje oeral homo’s WASHINGTON – Foar it earst hawwe tûzenen Amerikaanske militêren tiisdei...








