Roomsken wolle ûntdoopt wurde
sneon 3 july 2010
BRUSSEL – De roomsk-katolike tsjerke rint leech sûnt der hieltyd mear gefallen fan berneknoeierij oan it ljocht komme. Foar in waaksend tal minsken is it net genôch om har by de tsjerke út te skriuwen. Der is in run ûntstien op it saneamde “ûntdopen”, sa docht De Standaard te witten. Yn Antwerpen binne dit jier fjouwerhûndert oanfragen ynkommen om de doop ûngedien te meitsjen, yn Brugge goed twahûndert fyftich.
De tsjerken yn Flaanderen kinne it grutte tal ûntdopingsfersiken net oan en hawwe in grutte efterstân. De tsjerke sels seit dat de doop net ûngedien wurde makke kin en dat it ûntdopen net mear is as in symboal, dêrmei suggerearjend dat de doop mear is as symboalysk.
In alternatyf foar it ûntdopen by de tsjerke sels binne de útstapaksjes fan it Humanistysk Ferbûn. Dêr kin men yn it iepenbier ôfstân nimme fan de tsjerke en it kristendom. De aksjes besteane al tsientallen jierren, mar hawwe noch nea sa populêr west as no. By it útstapaksje yn Kortrijk ôfrûne moanne hawwe 75 minsken it kristendom demonstratyf efter har litten.
Ek sjen:









