Rosenthal en Wallage ynformateurs

moandei 5 july 2010

pearsDE HAACH – Ynformateur Herman Tjeenk Willink hat keninginne Beatrix it advys jûn om de mooglikheden foar in regear mei VVD, PvdA, D66 en Grien Links fierder te ûndersykjen.

De keninginne hat hjoed twa ynformateurs beneamd om dy taak út te fieren: senator Uri Rosenthal fan de VVD en de eardere Grinslanner komsaris fan de keninginne Jacques Wallage fan de PvdA. Senator Rosenthal hie de keninginne as ynformateur al earder oanret om fan de twa grutte partijen in ynformateur te beneamen, mar de keninginne hat dat advys doe skoudere. Troch it wurk fan ynformateur Tjeenk Willink is de stipe foar in “pears” regear no grutter wurden. Foarhinne hie de VVD noch in sterke foarkar foar in regear mei it CDA.

Tjeenk Willink hat de keninginne fierder it advys jûn om it regearakkoart net te bot út te wurkjen, mei’t de formaasje oars troch de mieningsferskillen te lang duorje kin.

Ek sjen:

  1. Tjeenk Willink ynformateur DE HAACH – Keninginne Beatrix hat Herman Tjeenk Willink as...
  2. Tjeenk Willink ynformateur AMSTERDAM – Keninginne Beatrix hat Herman Tjeenk Willink fannijs beneamd...
  3. Rosenthal wol twa ynformateurs DE HAACH – Ynformateur Uri Rosenthal hat keninginne Beatrix advisearre...
  4. Uri Rosenthal ynformateur DE HAACH – Keninginne Beatrix hat perfester Uri Rosenthal (sjoch...
  5. SGP ree om PVV te stypjen DE HAACH – De SGP is ree om in koalysje...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic