Salaris direksje Reade Krús omleech
freed 30 july
De direkteur fan it Reade Krús lit fan needs syn salaris ferleegje. As hy dat net docht, driget de minister fan Bûtenlânske Saken, Maxime Verhagen (CDA), de subsydzjekraan ticht te dwaan. Ek oare ûntwikkelings-organisaasjes snije neffens de Volkskrant yn salarissen om subsydzje behâlde te kinnen. Sa moat ek de direksje fan SNV Nederlân ynleverje. It befriezen fan it salaris is net genôch. SNV waard earder begnibbele op ‘e subsydzje, om’t meiwurkers tefolle fertsjinnen.
Meiwurkers fan ûntwikkelingsorganisaasjes meie net mear fertsjinje as in direkteur-generaal by de ryksoerheid, wat delkomt op 121 tûzen euro. Oars wurde sy koarte op harren subsydzje. Dy noarm is basearre op in 36-oerige wurkwike. It Reade Krús hat hieltyd oanfierd dat it salaris fan direkteur Cees Breederveld stuolket op in 40-oerige wurkwike, wertroch’t hy rjocht hawwe soe op hast 142 tûzen euro. Troch ferskate taslaggen soe hy lykwols mear as twa ton krije.
De Twadde Keamer easke in pear wiken ferlyn al dat der in salarismaksimum komt fanwegen de argewaasje om de salarissen fan de SNV. De heechste salarissen by SNV en Reade Krús jouwe neffens de Volkskrant oanlieding ta skeel ûnder ûntwikkelingsclubs. Dy soene in fiedingsboaiem wêze foar de krityk op ûntwikkelingshelp.
By organisaasjes lykas SOS Kinderdorpen, Oxfam Novib en War Child soene de salarissen fan de direksje om ‘e ton hinne lizze.
Ek sjen:











