Senaat gear oer weryndieling
moandei 5 july 2010
DE HAACH – De Earste Keamer fergaderet moandeitejûn oer de fúzje fan fiif Súdwesthoekegemeenten. Tiisdei folget de lêste stimming oer de weryndieling. Goed tritich aksjefierders fan de groep Fan Underen Op binne nei Den Haach ôfreizge om de gearkomste by te wenjen. Se hoopje dat de Earste Keamer in oare koers folget as de Twadde Keamer en de foarnommen fúzje opkeart.
Kommisjefoarsitter Loek Hermans krige oan it begjin fan ‘e gearkomste in protestgedicht op in boerd oanbean.
Op dat boerd fan Warkumer ierdewurk stie in gedicht oer it behâld fan de demokrasy.
(tekst: Omrop Fryslân)
Ek sjen:









