Sina grutste enerzjybrûker

woansdei 21 july 2010

CLIMATE/COPENHAGENSina is de Feriene Steaten foarbystribbe as grutste enerzjybrûker op ’e wrâld. Sina brûkte ferline jier in moai poarsje enerzjy dat gelyk is oan 2.252 miljard ton oalje, fan boarnen as koalen, kearnenerzjy, gas en wetterkrêftenerzjy. Dat is likernôch 4 persint mear as yn de FS. Yn 2000 brûkten de FS noch twa kear safolle enerzjy as Sina, sitearre de krante Financial Times tiisdei Fatih Birol, haadekonoom fan it Ynternasjonaal Enerzjyagintskip (IEA). Sina naam it earste plak flugger yn as ferwachte, mar Sinezen brûke per haad fan de befolking noch hieltyd folle minder enerzjy as Amerikanen. Sina brûkt syn enerzjy ek minder effisjint.

„De FS binne op in soarte fan sêdingspunt kommen yn it brûken fan enerzjy, mar der hawwe ek in soad ynspannings west, benammen sûnt 2005, om enerzjy effisjinter te brûken”, ferdúdlike Birol.

Ek sjen:

  1. Sina yn it hielal
  2. Sina lilk op Japan
  3. Minder jongfolk yn Sina
  4. Amearika nimt maatregels tsjin Sina
  5. Krisis goed foar miljeu

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic