Strider tsjin walfiskfeart frij

tongersdei 15 july 2010

Peter_BethunePeter Bethune, de Nijseelânske strider tsjin de walfiskfangst en skipper fan de fergiene futuristysk eagjende trimaran Ady Gil dy’t troch Japan oppakt wie (sjoch It Nijs fan 4 april) seach nei in heal jier yn ‘e sel ôfrûne wykein einlings syn wiif en 2 dochters wer werom. De 45-jierrige Bethune is troch in Japanske rjochter al feroardiele, mar ta 2 jier finzenisstraf mei betingst en dat late ferline wike ta syn frijlitten. Bethune sei by oankomst  op ‘e lofthaven fan Auckland yn syn heitelân gjin spyt te hawwen, mar moast dêr foar it each fan de kamera’s al wat by skrieme. Hy woe him net útlitte oer syn takomstplannen. De miljeu-organisaasje dêr’t Bethune foar warber wie, Sea Shepherd, fynt dat er net in earlik proses hân hat en neamt him in held. Singelier is al dat dy organisaasje, dy’t geweldleas operearje wol, harren held in wykmannich ferlyn yn it iepenbier noch feroardiele foar it besit fan in pylk-en-bôge. Dat wie foar Bethune tige ûntheisterjend. Der wurdt no sein dat it in fyt west hat, krekt bedoeld om him te helpen.

Ek sjen:

  1. Lêste strider earste wrâldoarloch dea De lêste feteraan út de earste wrâldoarloch is woansdei yn...
  2. Strauss-Kahn op boarchtocht frij Strauss-Kahn, dy’t sûnt sneon fêstsiet op fertinking fan ferkrêfting fan...
  3. Frij troch Frânsktalige bon BRUSSEL – De rjochtbank yn Brussel hat in Flaming ûntslein...
  4. Britten jouwe filmbylden reboelje frij LONDEN – De Britske plysje hat dramatyske filmbylden fan de...
  5. Obama: lit Tsjou Bo frij WASHINGTON – De Amerikaanske presidint Barack Obama hat de Sineeske...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic