Stripboek oer Anne Frank

tiisdei 6 july 2010
omslag Anne Frank:omslag Anne FrankAMSTERDAM – Bern dy’t nijsgjirrich binne nei Anne Frank, kinne har libbensferhaal fan freed ôf ek as tekenteltsje lêze.
It byldferhaal oer it libben fan it joadske famke Anne leit dan yn de Nederlânske boekwinkels, fertelt direkteur Hans Westra fan de Anne Frank Stichting. It boek is tekene troch Ernest Colón en skreaun troch Sid Jacobson – beide Amerikanen. De Anne Frank Stichting hat harren frege om’t se ek in oangripend stripboek oer de oanslach op it Amerikaanske Wrâldhannelssintrum yn 2001 makke hawwe. Colón en Jacobson hawwe in styl brûkt dy’t in soad liket op de styl fan tekenteltsjes út de jierren ’40.
Neffens de Anne Frank Stichting lêze bern hieltyd minder romans en is it dêrom goed om bern dy’t net sa gau it deiboek fan Anne of in biografy fan har libben krije soenen, troch de wei fan in stripboek oer har libben te fertellen.

Anne Frank

Anne Frank

Ek sjen:

  1. Ferbod porno yn deiboek Anne Frank
  2. Bylden Anne Frank op YouTube
  3. Beam Anne Frank omfallen
  4. Frank Botter stapt op
  5. Anne de Vries wint FK springen

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic