Studint wol Fryske nasjonaliteit
tongersdei 1 july 2010SINT JÂNSGEA – Yn Nederlân is yn 2005 it ramtferdrach foar nasjonale minderheden yn wurking gongen. Sûnt 1 juny fan dat jier bestiet der yn offisjele sin in Fryske nasjonaliteit yn Nederlân. Foar ferskate Friezen hat dat de lêste jierren reden west om demonstratyf harren Nederlânske nasjonaliteit op te jaan. De bekendste fan harren is nei alle gedachten Sjoerd Groenhof fan De Harkema.
Dizze wike hat de 18-jierrige pabû-studint Chris van Hes (foto) fan Sint Jânsgea him dêrby oansletten. Hy hat boargemaster Bert Kuiper fan de gemeente Skarsterlân woansdei frege oft er syn Nederlânske nasjonaliteit offisjeel foar de Fryske ynruilje kin, mei behâld fan it Nederlânske steatsboargerskip.
Kuiper hat him útlein dat dat offisjeel net mooglik is, omdat nasjonaliteit foar it Nederlânsk rjocht deselde betsjutting hat as steatsboargerskip. Chris van Hes wol it lykwols noch net oerjaan. Hy wol him yn it bûtenlân identifisearje kinne mei in paspoart dêr’t de befolkingsgroep op stiet dêr’t er him it meast by thúsfielt, sa seit er yn in ynterview foar Omrop Fryslân.
Ek sjen:










Ed Knotter
2 july 2010 12:03
It berjocht haw ik heard op Nais foon diling, dat it nijs giet de wrâld al yn. Ik kin út ‘e berjochten net opmeitsje oft de begripen identiteit en etnisiteit ek brûkt wurde…
Fierders soe ik sizze: folhâlde en trochsette, it is de striid wurdich!
Ee7
2 july 2010 12:06
Nais foon diling hat wol faker nijs oer Westerlauwersk Fryslân. Dochs moai, sokke ynterfryske kontakten!
Erwin
2 july 2010 18:38
Sympatyk inisjatyf
Sjoerd Groenhof
5 july 2010 01:04
SIDE IS WER ONLINE
http://www.grutskopfryslan.eu/petysje/index.php
Underskriuwe kin op:
http://www.grutskopfryslan.eu/component/option,com_wrapper/Itemid,30/