Taalûnderwiis makket sosjaler

freed 2 july 2010

famke_fleurichUTERT – Taal leare op ‘e basisskoalle is yn ferskillende opsichten goed, ûnder oaren trochdat it bern sosjaler makket. Dat is de konklúzje fan taalwittenskipper Emmanuelle Le Pichon-Vorstman, dy’t ûndersyk dien hat nei de effekten fan frjemde-taalûnderwiis oan jonge bern.

Bern dy’t op jonge leeftyd in nije taal leare, prate makliker mei oaren, binne kommunikatyf feardiger en se kinne better neitinke oer har eigen learproses.

Neffens de ûndersykster is net de twataligens sels bepalend foar it sosjaler wurden fan de bern, mar krekt it learen fan in taal op in stuit dat bern witte dat se wat leare. It effekt is dêrom net sichtber by bern dy’t fan poppe ôf mei twa talen grut wurde, mar wol by bern dy’t der op skoalle in nije taal by leare. Soks pleitet fansels foar mear trijetalige skoallen yn Fryslân.

Emmanuelle Le Pichon-Vorstman is hjoed oan de universiteit fan Utert promovearre op it proefskrift What children know about communication: A language biographical approach of the heterogeneity of plurilingual groups.

Ek sjen:

  1. Ientalige leart minder maklik
  2. EU wol mear meartalige pjutten
  3. Westerwelle tsiert mei Erdogan
  4. Meartaligens makket tûker
  5. Fûgelsang is earste foarm fan taal

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic