Tydskrift Fryslân wurdt fernijd

tiisdei 6 july 2010

LJOUWERT – It tydskrift Fryslân wurdt fernijd om mear lêzers te lûken. It blêd wurdt útjûn troch it Frysk Genoatskip en giet oer de kultuer en skiednis fan Fryslân. Freed tekenet it bestjoer fan it Genoatskip in oerienkomst mei útjouwerij Waanders.

It tydskrift sil seis kear jiers ferskine, earder wie dat fjouwer kear. De namme bliuwt gelyk, mar de formule feroaret. Der wurdt mear útgien fan wat in breed publyk aardich fynt om te lêzen. Dêrby kin tocht wurde oan de loftfeart en sûpketen yn Fryslân. It earste nûmer ferskynt nei alle gedachten yn ‘e twadde wike fan septimber en kostet 4,95.

(boarne: Omrop Fryslân)

Ek sjen:

  1. Tydskrift Tzum wurdt opdoekt
  2. Stellingwerver tydskrift hâldt op
  3. ‘Simmer’ wurdt Omrop Fryslân simmerhit
  4. Bomoanslach op tydskrift
  5. Neerlandiapriis foar Onze Taal

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic