Ûnôfhinklikens Kosovo bewissige
freed 23 july 2010It Ynternasjonaal Gerjochtshôf yn De Haach hat juster útsprutsen dat de ûnôfhinklikheidsferklearring fan Kosovo net ûnrjochtmjittich is. It hôf wiisde dat fonnis yn in saak dy’t de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes op inisjatyf fan Servië oanspand hie. Yn de Kosovaarske haadstêd Pristina late de rjochterlike útspraak ta feestjende klibers op strjitte en in hiel jûchhei. Servië hat yn in reaksje op it fonnis sein de ûnôfhinklikens fan harren eardere provinsje nea te erkennen.
Kosovo, mei noardlik dêrfan it hjoeddeistige Servië.
Einliks hat it hôf de kwestje mar wat oersljochte en ienfâldichwei steld, dat it ynternasjonale rjocht ûnôfhinklikheidsferklearrings net ferbiedt, mar allikemin tastiet. Lykwols wurdt ferwachte dat mear lannen no oergean sille ta it erkennen fan dit part fan it eardere Joegoslavië as ûnôfhinklike steat; op it stuit binne dat 69. En de Europeeske Kommisje kin no yn de ûnderhannelings oer oansluting fan Servië by de EU mei rjocht en reden easkje dat de Serven harren territoriale oanspraken op Kosovo oerjouwe.
De hjoeddeistige opskuor oer Kosovo is te begripen út de skiednis, dy’t hjirûnder koartkriemich werjûn is (oernommen fan Wikipedia).
De Slach om Kosovo, ek bekend as de Slach op it Klysterfjild fan 1389 (Adam Stefanovic, 1870)
Skiednis fan Kosovo yn it koart
Serven teagen yn de 7e ieu nei dielen fan it hjoeddeiske Kosovo mar kamen pas yn de 13e ieu ûnder Servysk bewâld. It ferlies fan de Serven tsjin it Osmaanske Ryk yn de Slach om Kosovo fan 1389 late ta 5 ieuwen fan Turkske oerhearsking yn Kosovo wêrtroch in protte Turken en Albanezen har yn it gebiet nei wenjen setten. Oan ´e ein fan de 19e ieu wienen de Albanezen de dominante etnyske groep yn Kosovo ynstee fan de Serviërs. Doe´t de Turken har tebeklutsen nei de Earste Balkan Kriich (1912) griep Servië op ´e nij de macht yn Kosovo. Nei de Twadde Wrâldkriich krige Kosovo de status fan autonome provinsje binnen de Republyk Servië. Yn de Kâlde Kriich besochten Kosovaren hieltyd wer om mear autonomy te krijen en hiene suver deselde status as dy fan in republyk neffens de Joegoslavyske wet. Nettsjinsteande de wetlike konsesjes boaze de reboelje fan Kosovaarske nasjonalisten oan. Serven yn Kosovo fielden har tekoart dien en Servyske nasjonalistyske foaroanmannen, lykas Slobodan Milosovic, brûkten dizze mooglikheid om mear stipe te krijen fan Servyske stimmers by de ferkiezings, dy’t Kosovo ta it Servyske heitelân rekkenen. Under Milosevic krige Servië yn 1989 in nije wet wêrtroch Kosovo syn autonomy kwytrekke. Der kaam ferset fan de oare kant en antwurden mei in referindum yn 1991, wêrby’t Kosovo ûnôfhinklik ferklearre waard fan Servië. It Servyske regear besocht de Kosovaren ûnder de kwint te hâlden en naam maatregels wylst it Kosovaarske regear mei passive wjerstân besocht ynternasjonale stipe te krijen. Yn 1995 hienen de Albanezen har nocht fan de passive wjerstân fan it Kosovaarske regear en stiften it Kosovaarske Frijheids Leger en kamen yn ferset. Yn 1998 kaam Milosevic mei in tsjinoanfal, wêrby’t in protte Albanzen tamtearre of fermoarde waarden. De ynternasjonale mienskip besocht it konflikt freedsum del te bêdzjen, mar Milosevic woe dêr neat fan witte. Dat late yn maart 1999 ta trije moannen lang bombardearjen fan Servië troch de NAFO, de Serven joegen belies en lutsen har yn juny 2009 tebek út Kosovo. Troch resolúsje 1244 fan de Feiligensried fan de Feriene Naasjes krige de ‘United Nationas Interum Administration Mission’ (UNMIK) it foech oer Kosovo yn ôfwachting fan de takomstige status fan Kosovo. Mei de resolúsje wie Kosovo noch hieltyd in part fan it territoriale Servië, mar UNMIK wie ferantwurdlik foar it regearjen. Yn 2001 krige Kosovo in tydlik regear, dat in part fan de taken fan UNMIK op him naam en yn 2005 beseach de Feriene Naasjes fannijs nei de mooglikheden foar de status fan Kosovo. Yn 2006 en 2007 wienen der ûnderhannelings oer desintralisaasje, religieus erfskip en minderheidsrjocht, mar de belangen fan de Serven (dy’t wol meiwurkje woenen oan mear autonomy) en Albanezen (dy’t folsleine autonomy ha woenen) rûnen net lykop. Op 17 febrewaris 2008 ferklearre Kosovo himsels ûnôfhinklik fan Servië.
Boarne en mear ynformaasje: Wikipedia.
Ek sjen:









