WK: Nederlân ferslacht Brazilië

freed 2 july 2010

WK2010_Ned_BrazPORT ELIZABETH – De Nederlânske balskoppers hawwe it sa knap dien tsjin ‘e Braziliaanske kollega’s dat se troch meie nei de heale finale. Oranje wûn mei 2-1. Dat wie frijwat ûnferwachts, mei’t se yn it skoft noch mei 0-1 efter stienen.

Oranje begûn sûnder de blesseare Joris Mathijsen, waans plak oernommen wie troch André Ooijer. De ploech spile yn it begjin hielendal net sterk en moast kear op kear yn ‘e ferdigening tsjin it tige oanfallende tiim fan Brazilië. Robinho makke al betiid it earste doelpunt.

Fuort nei it skoft begûn Nederlân mei in gelokje. De Braziliaanske doelman Júlio César griep mis by in foarset fan Wesley Sneijder en fia de holle fan Melo bedarre de bal yn it doel.

Tweintich minuten foar de ein makke Sneijder it winnende doelpunt troch in hoekskop fan Arjen Robben, trochkopt troch Dirk Kuijt, ta it doel yn te knallen.

Ek sjen:

  1. Nederlân – San Marino: 11-0
  2. Nederlân-Uruguay: 3-2
  3. Nederlân-Japan: 1-0
  4. Oranje mei balskoppe yn fearnsfinale
  5. Denen koppe yn eigen doel

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic