Wurdboek fan de Fryske Taal online

woansdei 7 july 2010

WFTLJOUWERT – It Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) stiet online. It is foar elkenien fergees te rieplachtsjen. Keninginne Beatrix hat tiisdei yn Ljouwert west om it mei in druk op ‘e knop op ynternet te setten.

It wurdboek is skreaun troch de Fryske Akademy yn Ljouwert en online set troch it Instituut voor Nederlandse Lexicologie yn Leien.

Yn de printe foarm omfettet it WFT fiifentweintich dielen. It jout hast de folsleine Fryske wurdskat sûnt 1800. It materiaal foar it wurdboek wurdt al sûnt it oprjochtsjen fan de Fryske Akademy yn 1938 sammele en is beskikber op miljoenen kaartsjes yn laden dy’t de muorren fan de Fryske Akademy bedekke. Yn 1984 is it earste diel fan it wurdboek ferskynd.

De ferklearringen fan de Fryske wurden wurde jûn yn it Nederlânsk. Dat bart mei in soad each foar detail. Guon wurden, lykas “it” of “oan” beslagge hiel wat siden. By de measte wurden binne foarbyldsinnen út de 1200 rieplachte boarnen (boeken en tydskriften) fermeld. Der steane ek wurden yn dy’t net út de literatuer komme, mar optekene binne troch de wurdboekmakkers of troch in groep frijwilligers dy’t de Akademy yn de rin fan de jierren skewield hat by it meitsjen fan it wurdboek.

It wurdboek beskriuwt 118 tûzen trefwurden op sa’n tsientûzen siden. It lêste printe diel komt ein fan dit jier út. De wurden fan dat lêste diel binne al opnommen yn de online-ferzje.

De online-ferzje fan it WFT is te rieplachtsjen op de site fan it Instituut voor Nederlandse Lexicologie (link).

Ek sjen:

  1. It Wurdboek fan de Fryske Taal is klear LJOUWERT – It wie 51 jier wurk. It grut Frysk...
  2. Lêste diel Wurdboek fan de Fryske taal De Fryske Akademy presintearret op freedtemiddei 11 novimber 2011 it...
  3. It Grut Frysk Wurdboek is klear Freed 11 novimber is it lêste diel fan it Grut...
  4. Klikklik nei it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal De lêzers fan It Nijs witte grif al in skoft...
  5. In online-wurdboek fan it Nedersaksysk AUWERK – De Ostfriesische Landschaft yn Auwerk sil in wurdboek...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic