Orale seks gewoan foar jongelju

sneon 14 augustus 2010

EDMONTON – Foar jongelju is orale seks hiel gewoan. Dat seit ûndersykster Brea Malacad fan de universiteit yn it Kanadeeske Alberta. Se hat ûndersyk dien nei it seksuele gedrach fan jonge minsken en konstatearret grutte feroarings. Se hat it sels oer de “seksuele revolúsje fan de 21 ieu”.

Foar har ûndersyk hat frou Malacad 181 Kanadeeske froulju fan 18 oant 25 jier âld ûnderfrege oer seks. Fan harren hie 75% wolris seks hân.

Wat is yntimer?

“Fan de froulju dy’t ik ûndersocht ha, hienen alle froulju dy’t wolris neukt hienen ek wolris oan seks mei de mûle dien,” seit frou Malacad. “Foar jonge minsken heart it brûken fan de mûle blykber gewoan by de normale seksuele hannelings.”

Fan de ûnderfrege froulju sei 41% dat orale seks like yntym wie as neuken. 50% wie fan betinken dat neuken yntimer wie, wylst 8% seks mei de mûle yntimer neamde. Berjochten yn ‘e media dat ôfsûgjen de hjoeddeiske wjergader fan de nachttút wurden wienen, docht de ûndersykster ôf as ûnsin.

Orale seksGefoel fan macht

Frou Malacad wie ferwûndere oer de wille dy’t froulju oan stokslobberjen belibje: “De measte froulju wurde fleurich fan neuken en stokslobberjen. Dat jout oan dat jonge froulju dy dingen dogge om’t se der nocht oan hawwe. Mear as 30% fan de froulju krije in gefoel fan macht as se in man ôfsûgje.”

Alternativen foar it kondoom

No’t orale seks hieltyd gewoaner wurdt, moat de seksuele foarljochting feroarje, sa is de ûndersykster fan betinken. Se seit dat in soad jonge minsken har der net fan bewust binne dat men troch seks mei de mûle ek sykten oerdrage kin. Fierders tinkt se dat it goed is dat kondoomfabrikanten begjinne nei te tinken oer alternativen foar it kondoom, dy’t better brûkber binne by it ôfsûgjen of -slikjen fan de partner.

“82% fan de froulju sei dat se nea gjin hoedmiddels brûkten by orale seks, wylst dat by it neuken mar 7% wie. It liket wol as hawwe minsken net yn ‘e rekken dat orale seks ek ûnfeilich wêze kin,” seit frou Malacad. Sels jout hja it goede foarbyld: se liedt dosinten seksuele foarljochting op oan de universiteit.

In ferslach fan it ûndersyk fan Brea Malacad is ferskynd yn it tydskrift European Journal of Contraception and Reproductive Health Care.

Ek sjen:

  1. Myn soan jout net om seks
  2. Seks nei hertoanfal mei
  3. Skeafergoeding foar te min seks
  4. Fiif tips foar nei de seks
  5. Wêrom hâlde wy fan seks?

6 reaksjes op “Orale seks gewoan foar jongelju”


  1. Erwin
    14 augustus 2010 10:47

    Ha jim ek filmkes?


  2. Nynke
    14 augustus 2010 12:55

    @Erwin: foei! ;)


  3. SQUID
    14 augustus 2010 16:28

    stokslobberje? *lol* :D


  4. Lútsen
    15 augustus 2010 19:26

    Wat in raar wurd, ‘stokslobberje’. Wa assosjearret in penis no mei in stok? Der binne in soad wurden foar penis, sjoch mar yn it nijste wurdboek. ‘Stok’ stiet der net by, en mei rjocht. Der binne folle moaiere wurden foar dat begryp, doar ik te wedzjen. ‘Kul’ fyn ik oars ek bot en ôfstjitsk. ‘Rûp’ harket wol better, fyn ik. ‘Rûpsobje’, ja, heart better. Sa net, koene jimme it wurd ‘tys’ wol foar ‘penis’? Hie ik noch nea heard of lêzen. No goeie.


  5. Nynke
    15 augustus 2010 19:32

    Ik ken wel tyskje, maar daar heb je geen oUo voor nodig. Kan wel maar hoeft niet. :P
    Rup vind ik niet mooi, klinkt alsof ie rupsk is. :(


  6. Lútsen
    15 augustus 2010 20:36

    @Nynke: ah, bringst my op in idee – in ferbân mei ‘tyskje’ hie ik noch net lein. ‘Tyskje’ is ommers ‘kwispelen’. Ik kin tyskje mei myn tys, jawis, myn sturt dus. ‘Tys’ heart wol moai, fyn ik. Mar wat moat it dan wurde? ‘Tysbeslikje’? Hawar, ôfwaaid praat. Goeie.

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic