De Ljouwerter Krante kin in foarbyld nimme oan Ron Jans
freed 27 augustus 2010Okkerdeis wie de nije trener fan SC Hearrenfean Ron Jans te gast yn it televyzjeprogramma by Knevel en Van den Brink. As yntroduksje lieten se in stikje Frysk fan Foppe de Haan hearre om Ron Jans dêrnei te freegjen wat Foppe sein hie. Jans slagge mei flagge en wimpel. Dêr wie hy sichtber tige grutsk op. Blierkjend fertelde Jans dat hy yn in útstjoering fan Omrop Fryslân west hie en dat hy alle Frysk bêst ferstean koe. It wie my al earder opfallen dat de omroppers yn de fraachpetearen mei Jans har net ferbrekke hoege. De nije trener blykt him dus yn de tradysje fan syn klup te passen.
In grut ferskil mei de lju fan de Ljouwerter Krante. No’t Pieter de Groot hast hielendal by de krante wei is lykje se harren noch mear ôf te setten tsjin it Frysk. As der wat melden wurde moat oer de taal, dy’t it grutste part fan har lêzers alle dagen brûkt, dan mei dat perfoarst net posityf wêze. Oars ferdraaie se it by de Ljouwerter wol sa dat it by guon ferkeard falt. Ferline wike wie dêr ek wer in foarbyld fan. De Ried fan de Fryske Beweging hie in lokwinsk tastjoerd nei Doutzen Kroes omdat se in lytsen ferwachtet. Nei de lokwinsk stiet oan de ein fan de brief: “Wy tidigje derop, dat it syn memmetaal mei de brijleppel ynjûn kriget. Fan ‘ús Doutzen’, dy’t IT ANTLIT wurden is fan de Praat-mar-Frysk-kampanje, ferwachtsje wy net oars. Pake en beppe moatte harren skielk dochs net ferbrekke hoege? Wat makket de Ljouwerter derfan yn de kop: “Doutzens kind moet Fries praten”. Earste fraach is al wêrom’t sa’n berjocht no oersetten wurde moat yn it Hollânsk. Dan geane se fierder mei: “De baby van het Friese topmodel Doutzen Kroes moet ook in het Fries worden grootgebracht”. Wêr stiet dat “moatten” yn it brief? As je dat sa op it ynternet sette dan is it gjin wûnder dat der tsientallen mei in negative reaksje komme. It wurdt foar guon hast in sport om dan los te barsten yn in ordinêre skeldpartij. Ek hiel wat Friezen miene dat se oan dat ôfwaaid praat meidwaan moatte. Je moatte foaral net fernimme litte dat jo wat mei it Frysk op ha. Jo skamje jo suver dat jo heit en mem jo eartiids yn Frysk grutbrocht hawwe. Doch as de Ljouwerter en lit perfoarst net merke dat jo ek by dat achterlike folkje hearre. In promininte ûndersiker dy’t in oar o sa it leksum lêze kin as je gjin Frysk brûke mient syn stipersskip opsizze te moatten.
De wize fan werjaan lykas de Ljouwerter docht troch it wurdsje “moatten” te brûken en de Ried wer del te setten as in espel trochdriuwers en djipfriezen lokket fansels negative reaksjes út: “Wat een arrogante bemoeizucht, straks zeggen ze ook nog dat hij Doekele moet gaan heten, welk een onzin!”of “Tjongejonge, wat een betutteling!!! Laten we de opvoeding van het aanstaande kindje van Doutzen en haar vriend a.u.b. aan henzelf overlaten, ik denk dat deze jonge mensen niet zitten te wachten op zo’n dwangmatige Friese Raad, en dat heb ik met opzet in het Nederlands geschreven. Hun streven is nobel maar hun methodes deugen niet”.
As it de bedoeling fan de krante is om dit út te lokjen dan binne se dêryn aardich slagge. It ferfelende is boppedat dat provinsjale deiblêden it ferhaal samar oernimme sûnder kennis te nimmen fan de oarspronklike boarne.
Dat it ek oars kin komt út de hoeke fan de Telegraaf (sjoch it ramt). Ek al meitsje se der in eigen fehaal fan: se hâlde de yntinsje oerein. Der binne yn it westen fan it lân noch in pear kranten dy’t it ferhaal posityf delsette troch it brûken wurden lykas “freegje”, “rekkenje derop”, “hoopje” yn plak fan “moatten”. De Ljouwerter en in protte Friezen soene in foarbyld oan Ron Jans en de Telegraaf nimme kinne. Miskien dat psychologen in ferklearring ha foar it feit dat Friezen mei de Ljouwerter foarop har eigen taal sa leechlizze.
Dochs is it tige learsum om dy nuvere reaksjes te lêzen. Sa as dizzen bygelyks:
- Ik schaam me dikwijls voor die Friese “rednecks” die gewoon niet fatsoenlijk Nederlands kunnen spreken. Daar ligt een taak van de onderwijzers. Want laten we wel wezen: het Fries hoort dan weliswaar bij het “Heitelan”, Nederlands is en blijft te allen tijde onze nationaliteit én moedertaal.
- Wat bij mij té ver gaat, is de vanzelfsprekendheid dat iedereen hier maar (als een geboren) fries, de Friese taal moet kunnen verstaan, lezen, spreken en begrijpen. En dan de vele ‘clubs’ en ‘stichtingen’ en bestuurders in deze provincie, die in een soort overmatige hoeveelheid, het Fries, koste wat kost willen stimuleren. Ik noem dat fundamentalistisch; niet omdat ik de taal niet belangrijk vindt, maar het buitensporige, staat mij tegen.
- Staat dat in Friese schoolboeken dat meertalig een betere denkknobbel geeft? Of is het de schoolmeester die dit riedeltje afspeelt. Leer de kinderen nou eerst maar eens ABN, dan heb je rijke keuze uit schoolboeken en kun je je woordenschat opvoeren en ook eens een universiteit vestigen in Friesland of anders elders bezoeken.
- rare mensen die oude friezen, halsstarrig vasthouden aan iets wat ophoudt te bestaan, zodra oude friezen zijn heengegaan dan pas is Friesland weer Friesland een county van Europa!
Dan noch in pear oare:
- Tsja, foar guon komt dizze brief wat bazich oer. Mar Doutzen hat har namme en antlit wol ferbûn oan de “Praat-mar-Frysk” kampanje. En tsja: adeldom ferplichtet dan ek wol in bytsje no. Mar likegoed winskje ik foaral dat Doutzen in sûn en lokkich bern kriget.
- Duizendpoot. Ik ga ervan uit, dat Doutsen Fries spreekt tegen haar kindje en ik erger mij aan dat zinloze gezeur van de tegenstanders van het Fries. Het Fries bestaat al eeuwen en hoe de Nederlandstaligen daarover denken, dat is hun probleem. De Duitsers gaan toch ook niet bepalen of het Nederlands bestaansrecht heeft of niet. Dat maken de Nederlanders zelf wel uit. Tegen een taal zijn is zinloos. Een taal staat of valt met zijn sprekers en als men zo graag een eentalig land wil hebben om een of andere reden, dan gaat iedereen maar Fries leren, maar voor mij hoeft dat niet.
- IentalichFrysk>17.05: Ik bin it glêd mei jo iens. Doutzen sil wis Frysk mei har berntsje prate en ferskes sjonge en moaie Fryske mearkes foarlêze. Dêr bin ik wis fan. Mar sy wennet ek yn Amearika en krijt in Nederlânske man. It sil net folslein Frysk wurde mar it berntsje krijt der altyd wat fan mei. En dêr hat it skylk profijt fan. Ik wie ek in Frysk bern dat bûten Fryslân opgroeid is mar thús har memmetaal prate. Dêr ha ik altyd foardiel fan hân, en wat Grutte Pier 16.01> seit dat is hielendal wier!! Ik hoopje Doutzen skylk te treffen mei har berntsje yn de bernewein. Sa as ik wenje sit dat der dik yn!
Jaap van der Bij
Ek sjen:
- De Ljouwerter krante as rabbelblêd Reaksjes op it nijs yn de Ljouwerter krante komme meastal...
- Wol de Ljouwerter Krante administraasje gjin Frysk ferstean? Doe’t wy goed twa moanne lyn werom kearden nei it...
- Ljouwerter Krante op iPad LJOUWERT – De Ljouwerter Krante komt freed as earste regionale...
- Ljouwerter Krante op tabloidformaat LJOUWERT – De Ljouwerter Krante ferskynt nei...
- Te keap: Ljouwerter Krante LJOUWERT – De Ljouwerter Krante en it Dagblad van het...









www.ensafh.nl
28 augustus 2010 11:47
[...] Lês fierder by It Nijs [...]
Erwin
30 augustus 2010 08:48
It is as Fries ferskriklik om te lêzen hoe’t oare minsken oer ús tinke as wy ús taal prate en skriuwe wolle. Pek en fearren foar sokke rassisten, bah!
André van der Meer
30 augustus 2010 18:30
Moat ien ding sizze. Ik skriuw ek geregeld op it foarum fan de LC en haw al de ûnderfining dat in beheind tal fan de oare dielnimmers net ta de kategory “grutte ljochten” hearre. Alteast net ta it soarte dat eefkes de muoite nimt om in stik wat better te lêzen of wat better te ûndersykjen.