Der even út mei it FYK?

woansdei 11 augustus 2010

SuboticaIt FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt) is in jongereinferiening dy’t op reis giet nei oare minderheden yn Europa.

Fan 22-31 augustus is der in útwiksel by de Hongaarske minderheid yn Subotica, Servië. In wike lang is der in programma mei ûnderdielen lykas redendiele oer minderheden, oare minderheden kennen leare, besites, frije tiid en fansels in soad gesellichheid mei de groep fan 30 minsken!

Hasto der sin oan en hast it oan tiid om mei te gean foar mar EUR 10,= plus 30% reiskosten (wy krije 70% fan de kosten werom) en bist tusken de 16 en 30 jier âld en hast in paspoart? Jou dy dan foar 13 augustus op fia aktifykteiten@gmail.com (fansels ek foar fragen!)

Groetnis,
it FYK-bestjoer

Mear ynfo oer it Fyk: www.fyk.nl

Ek sjen:

  1. Gedicht: tiid No mar ris in oare kant fan Klaske Hiemstra. Dit...
  2. Friezen mei diske yn Berlyn BERLYN – It Dútske ministearje fan Ynlânske Saken hâldt dit...
  3. FUEN skriuwt brief Europeeske Uny De 85 leden fan de FUEN rjochtsje har yn in...
  4. Ramtferdrach oersetten! Ramtferdrach foar de Beskerming fan Nasjonale Minderheden* Straatsboarch, 1 febr....
  5. Live sport: SKS priisútrikking en FK Fierljeppen 12 en 13 augustus op Omroplive.nl en Omrop Fryslân Televyzje...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic