Europeada: fuotbaljende minderheden
tongersdei 12 augustus 2010
BAUTZEN – De twadde Europeada, de fuotbalkompetysje foar sprekkers fan Europeeske minderheidstalen, wurdt yn 2012 yn Bautzen holden. De Europeada wurdt organisearre troch de ynternasjonale minderhede-organisaasje FUEV út Flensburch. De FUEV organisearret de kompetysje yn ‘e mande mei organisaasjes fan de Sorben, in slavyske taalminderheid dy’t yn de streek om Bautzen hinne wennet.
De earste Europeada waard yn 2008 yn Switserlân holden. De Friezen wienen doe fertsjintwurdige mei in Noardfrysk frouljusalvetal. Yn 2012 meie gjin froulju dielnimme. De winner fan de earste edysje wienen de Dútsktalige Italjanen út Súd-Tirol (sjoch foto).
Klik hjir foar mear ynformaasje oer de Europeada.
Ek sjen:










Erwin
12 augustus 2010 10:26
Ja, soks moat dochs mooglik wêze. Helje Foppe mar wer werom út Súd-Afrika!
Ee7
12 augustus 2010 11:38
Froulju kinne net oan de kompetysje meidwaan, mar se meie wol freonskiplike wedstriden spylje tsjin lokale frouljustiims.
Nynke
12 augustus 2010 20:45
Ik vind het wel een beetje discriminatie dat er geen vrouwen mee mogen doen. Is het eigenlijk professioneel voor geld of gewoon als spelletje bedoeld?
Erwin
13 augustus 2010 07:59
In bytsje diskriminaasje? It is mar in spultsje en dêr meie de froulju likegoed oan meidwaan, giet echt nergens oer…