Fakatuere – ûndersiker frege

sneon 7 augustus 2010

Wittenskipper socht dy’t konsept ‘cultural footprint’ útwurkje wol.

logo CMC

It sintrum ‘Maurits Coppieters’ (CMC) yn Brussel, it wittenskiplik buro fan de EFA, siket in ûndersiker op it mêd fan taal en kultuer dy’t it konsept ‘kulturele fuotprint’ útwurkje wol en dêroer in rapport skriuwe kin. It konsept is brûkt yn it Europeesk parlemint nei analogy fan de ‘ekologyske fuotprint’ om te pleitsjen foar de beskerming fan kultureel en taalkundich ferskaat yn Europa. Lykwols, los fan it boek ‘Ecolinguistics’ fan Bernat Joan, is der noch net in publikaasje ferskynd dy’t djipper wittenskiplik of metodologysk op it ûnderwerp yn giet.

De selektearre ûndersiker wurdt frege in rapport te skriuwen dêr’t it konsept fan de ‘kulturele fuotprint’ yn útwurke wurdt, dêrby de metodology folgjend fan ‘Ecolinguistics’ fan Bernat Joan. It stik moat him rjochtsje op de metodology, maatregels en yndikatoaren fan ‘e kulturele fuotprint. It hat de foarkar dat de publikaasje yn ‘e memmetaal fan de ûndersiker dien wurdt. De oersetting wurdt troch CMC fersoarge.

Deadline om te reagearjen is: 1 septimber 2010. Op dizze link kinst mear ynformaasje fine.

De EFA (European Free Alliance, www.e-f-a.org) is in partij mei 7 minsken yn it Europeesk parlemint. De FNP is lid fan de EFA en hat in fertsjintwurdiger yn it bestjoer.

Foar mear ynformaasje oer de EFA en CMC kinst kontakt opnimme mei Sybren Posthumus (bestjoerslid yn ‘e EFA), 0566 – 602928 of Douwe Bijlsma, 058 – 2571635 (foarsitter fan ‘e EFA-kommisje yn de FNP).

Ek sjen:

  1. Undersiker neiboud as robot AALBORG – Japanske en Deenske wittenskippers hawwe in realistyske robot...
  2. Protest tsjin straf ûndersiker DUBLIN – Mear as twahûndert ûndersikers hawwe der protest tsjin...
  3. Fakatuere by EFA Foar it ûndersyksburo fan de EFA, Centre Maurits Coppieters (CMC),...
  4. Van Gogh troch Fortuyn as minister frege Pim Fortuyn hat Theo van Gogh yn it foarjier fan...
  5. Ingelsk yn fakatuere nedich? Ingelske termen yn personielsadvertinsjes wurde troch lêzers net as statusferheegjend...

1 reaksje op “Fakatuere – ûndersiker frege”

  1. [...] Dit blogartikel was vermeld op Twitter door Fryske Beweging, FNP Boarnsterhim. FNP Boarnsterhim heeft gezegd: Fakatuere, ûndersykje de 'Cultural footprint' fan lannen! Fia de FNP/EFA, sjoch http://itnijs.nl/2010/08/fakatuere-undersiker-frege/. [...]

Realisaasje: Pronamic