Froulju lilk om sliepende man

snein 29 augustus 2010

LONDEN – Froulju dy’t net sliepe kinne, binne echte kringen. Dat docht bliken út in grut ûndersyk nei sliepgedrach dat de Britske bêdefabrikant Silentnight okkerdeis útfierd hat. Ien op ‘e fjouwer froulju dy’t wekker lizze besiket om har man ek wekker te krijen en dat giet net altyd subtyl.

De taktiken fariearje fan omwine oant de radio of it ljocht oansette of de oarehelte skoppe of oanstompe. In protte froulju begjinne ek gewoan tsjin harren sliepende man oan te praten. Ien op ‘e tsien froulju sei dat se har man wolris kniep om syn sliep te fersteuren. De reden is hast altyd oergeunst. Ien op ‘e trije froulju sei dat se lilk waard as har man lekker lei te koesen wylst hja de sliep net krije koe.

It ûndersyk lit ek sjen dat froulju it idee hawwe dat se langer wekker lizze as harren man. In fjirdepart fan ‘e froulju leit alle jûnen mear as in oere wekker.

Fierders hat it ûndersyk úwizing dien dat âlden fan jonge bern hast altyd sliep brekke. Hja sliepe trochinoar mar fjouwer oeren deis.

Ek sjen:

  1. Froulju, manlju en djoere auto’s HOUSTON – In djoer horloazje of in sportauto makket in...
  2. Kreaze froulju binne gefaarlik FALENSIA – Kreaze froulju binne gefaarlik. Manlju dy’t fiif minuten...
  3. Froulju fine in gigolo modern Sa likernôch de helte fan alle froulju fynt it ynhieren...
  4. Froulju wurde gleon fan segrinige manlju VANCOUVER – In glimk makket in man net oantreklik. Froulju...
  5. Arabyske froulju driigje mei boarsten RIAAD – Men moat it islamitysk rjocht fansels net altyd...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic