Fryske en Stellingwerver boeke-aksje
sneon 21 augustus 2010LJOUWERT – Op freed 3 septimber giet de alhiel fernijde Fryske boekemoanne fan start. Yn de hiele provinsje sille aktiviteiten plakfine dy’t te krijen ha mei de Fryske literatuer en boeken. It startskot wurdt jûn op It Hearrenfean.
By boekhannel Overdiep oan de Dracht wurdt it earste eksimplaar fan it kadoboek ‘Los sân’ troch skriuwster Greet Andringa oerlange oan wethâlder Coby van der Laan fan de gemeente Hearrenfean.
Op moandei 30 augustus giet de jierlikse sutelaksje fan de Stellingwarver Schrieversronte fan start yn de Stellingwerven. Dizze hûs-oan-hûs ferkeap-aksje fan boeken wurdt dien troch sa’n sechtich frijwilligers.
It oanbod is dit jier grut. Sa binne der tsien nije titels, werûnder ‘Laot mi’j now ok es wat zeggen’ fan Jan Veldhuizen en it printeboek ‘Muske Tiemen’ fan Stien van Anne.
Krekt as oare jierren is der ek wer in nije Stellingwarver Spreukekelinder foar 2011.
(Omrop Fryslân: boarne 1 – boarne 2)
Ek sjen:
- Stellingwerver boeken goed ferkocht ALDEBERKEAP – De sutelaksje fan de Stellingwarver Schrieversronte hat dit...
- Stellingwerver foarlêsaksje ALDEBERKEAP – De Stellingwarver Schrieversronte organisearret dizze moanne foar de...
- Moandei begjint de Stellingwerver sutelaksje WOLVEGEA – Yn Frysktalich Fryslân is it suteljen mei boeken...
- Aksje FFG by Boeke-BOLsert By it boekefeest Boeke-BOLsert is de Frije Fryske Grûn (FFG)...
- Grutte boeke-opromming DE GORDYK – Wa’t syn foarrie Fryske boeken goedkeap oanfolje...








