Gjin ballon op sneon
snein 1 augustus 2010De Fryske ballonfeesten op De Jouwer wierret is wat tsjin. Tongersdei waaide it frij hurd en binne der mar 12 ballonnen de loft yn gien en ek op sneon waaide it te hurd en reinde it tefolle. It is skande dat de sneon yn it wetter fallen is. De sneon is faak de drokste dei fan de Fryske Ballonfeesten. De middeis wie it bernedei. De bern ha net in soad fernaam fan it minne waar en hawwe prachtich boarte op it gersfjild. It fjoerwurk is sneon wol trochgien.
It is net allinnich kommer en kwel by de ballonfeesten. Ferline woansdei binne der 127 ballonnen de loft yn gien en dat betsjut in Nederlânsk rekôr. Freed wie ek in dei, dy’t goed beteard is. Wy moatte no mar ôfwachtsje wat de snein bringe sil.
Ek sjen:








