Kriminele Marokkanen yn Fryslân?
tiisdei 31 augustus 2010Nei oanlieding fan de problemen mei Marokkaanske jongerein yn Gouda hat it ministearje fan Ynlânske Saken in saneamde ‘earnstljedder’ nei de Twadde Keamer stjoerd. De ranglist is basearre op sifers fan it KLPD út 2007, en jout de gemeente wer hoe grut oft it oandiel fan de Marokkanen is by de kriminaliteit.
De gemeente Ljouwert stiet op plak 54 fan de probleemlist, It Hearrenfean op it 85e plak. Yn de list steane fierder noch Weststellingwerf (plak 109) en Smellingerlân (147). Yn de oare Fryske gemeenten binne yn 2007 minder as seis Marokkanen it jier foar misdriuwen oanholden.
Ek sjen:
- Webside Skarsterlân op Overheid.nl De webside fan de gemeente Skarsterlân is de grutste klimmer...
- Gemeente Hearrenfean en FNP De gemeente It Hearrenfean hat de lêste jierren hiel ambisjeus...
- Ljouwerter riedsferslaggen online LJOUWERT - De Ljouwerter riedsferslaggen tusken 1865 en 2007 binne digitaal...
- `Fryslân moat fiif gemeenten krije’ GRINS – It soe foar ûndernimmers goed wêze as der...
- Der komt in moskee op it Fean IT HEARRENFEAN – Der komt in moskee oan de Amelânsleane...









Erwin
1 septimber 2010 07:44
Aansen noch in merkteken yn it ear en in Marokkanestjer op it boarst (griene fyfpuntige stjere mei reade eftergrûn). Hawwe se yn dat ûndersyk ek oare groepen lykas Friezen, Turken, Nederlanners en Antillianen neamd? ”Ut mut net raarder”