Menaldumadeel wurdt Menameradiel
freed 27 augustus 2010MENAAM – De gemeente Menameradiel makket syn Fryske namme op 1 jannewaris 2011 de offisjele. De Hollânske namme ‘Menaldumadeel’ hat dan gjin offisjele status mear. As earste wurdt de namme yn de Gemeentlike Basisadministraasje (GBA) ferfongen. De kombuorden en it brievepapier bliuwe ynearsten. De nije offisjele namme komt dêr pas op te stean as se oan ferfanging ta binne.
De gemeente hie al earder besletten om de Fryske namme offisjeel te meitsjen, mar woe dêr noch efkes mei wachtsje. Dat soe lykwols ekstra burokrasy en kosten opsmite.
Ek sjen:
- IJlst moat fluch Drylts wurde DRYLTS – De gemeente Wymbritseradiel moat foar 1 septimber it...
- Menameradiel ferfrysket Mei yngong fan 1 jannewaris 2010 binne de adressen yn...
- Fryske gemeenteboerd Dantumadiel Sûnt 1 jannewaris 2009 hat de gemeente Dantumadiel in Fryske...
- De FFU oer gemeentenamme Oan: - de leden fan de Gemeenteried - it Kolleezje...
- SWF kriget in keppelstreekje DRYLTS – By de riedsgearkomste fan tongersdei waard de namme...








