Minsken sûnder mail stypje www.foarfryslan.nl

tongersdei 26 augustus 2010

De Ried fan de Fryske Beweging hat in petysje online stean. De minsken dy’t de petysje ûndertekenje jouwe oan dat se wolle dat Fryslân bestean bliuwt. Fryslân moat beslist net opgean yn in noardlik lânsdiel. In probleem fan de petysje is dat minsken in e-mailadres hawwe moatte. Net alle minsken beskikke oer sa’n adres. Dat die bliken doe’t by de post in briefke ynkaam mei ferskillende nammen, dy’t de petysje graach ûndertekenje. It begeliedend briefke wie netsjes skreaun en der stie yn, dat dizze minsken hâlde fan de Fryske taal en fan Fryslân. Mar fan kompjûters moatte se neat ha. Dêrom âlderwetsk in briefke mei nammen.

Sjoch ek www.foarfryslan.nl

Ek sjen:

  1. Brief oan De Rouwe Nei de Ried fan de Fryske Beweging hat it CDA...
  2. ’250 tûzen minsken lêze Frysk’ Neffens de earste sprekker fan de Literêre 4-Stêde Tocht binne...
  3. Mei of sûnder lidwurd De bern binne nei skoalle. Yn it Hollânsk wurdt dat...
  4. Nije minsken en de Sutelaksje Ferline wike waard sein dat de Sutelaksje fan de stichting...
  5. Saabriders stypje harren merk manmachtich As reaksje op it fallisemint fan Saab, hat in groep...

1 reaksje op “Minsken sûnder mail stypje www.foarfryslan.nl”


  1. johan
    27 augustus 2010 13:48

    Grappich!

Realisaasje: Pronamic