Simmer slynt mear iis

snein 15 augustus 2010

Neffens it KNMI teit it pakiis yn ‘e Noardpoalkrite dizze simmer hurder fuort as ornaris. Sûnt yn 1979 út ein set is mei satellytmjittings nimt it oerflak driuwiis yn ‘e simmer troch klimaatferoaring stadichoan ôf mei sa’n 5 oant 10 % de 10 jier. Tagelyk is it iis de ôfrûne desennia gâns tinner wurden – yn de jierren ’70 wie it yn trochsneed noch sa’n 3 oant 4 meter tsjok, op it heden noch mar 1 oant oardel meter – en begjint it op it heden yn ‘e maitiid fjirtjin dagen earder fuort te teien. Yn 2007 waarden de wittenskippers ferrifele troch in rekôr iisôfname: oan ‘e ein fan ‘e simmer omtrint 40 %  iisoerflak minder as yn trochsneed yn septimber oer it tiidrek 1979-2000 (sjoch de grafyk). Dat wie te ferklearjen troch in ôfwikende luchtdrukferdieling mei oerhearskjende sudewyn, dêr’t waarme, dampe lucht mei oanfierd waard, dy’t noch tafallich wêze koe. Mar dit jier is it dêr yn it hege Noarden al wer apart waar. De ôfrûne winter wie yn Kanada, Grienlân en Spitsbergen o sa myld en yn maaie, juny en de twadde helte fan july oerhearske de sudewyn wer. Dat is fan dy gefolgen dat der wer folle minder pakiis is as om dizze tiid fan ‘t jier yn 2005, 2006, 2008 en 2009. It KNMI hat noed, dat de hoemannichte iis oan ‘e ein fan ‘e simmer wer op itselde nivo útkomt as yn 2007. Dat jier wie alsa gjin útsûndering; de delgeande trend is ferheftiger as earder tocht waard.n_ice_extent_sep

Omdat pakiis driuwt, hat it teien foarearst gjin gefolgen foar de seespegel. Mar omdat mei it ferdwinen fan it iis minder sinnestrieling weromkeatst wurdt, soarget it wol foar in fuortsterke opwaarmjen fan de atmosfear. As dêrtroch lâniis op bygelyks Grienlân hurder fuortteit, sil de seespegel al omheech komme. Mar mooglik sil dêr ek mear snie falle en dêrtroch is noch net te sizzen wat it úteinlike effekt wêze sil. Nijsgjirrich is yn dit ferbân al, dat der krekt in grouwélich stik iis fan in driuwende iistonge yn in fjord oan ‘e noardwestkust fan Grienlân ôfbrutsen is: likernôch in fearn fan de earder 70 km lange Petermann-gletsjer – de noardlikste gletsjer fan de wrâld – driuwt no nei see ta. De oerflakte fan ‘e iisskosse wurdt rûsd op sa’n 251 kante kilometer: Teksel en Skylge byelkoar. Op himsels heart it ôfbroazeljen fan ‘e útein fan in gletsjer by it hâlden en dragen fan sa’n iisrivier, mar sa’n ûnhuer grutte skosse is neffens de Universiteit fan Delaware yn de Arktyske krite sûnt 1962 net mear sjoen.

petermann_tmo_2010217Op ‘e boppeste satellytfoto, fan 5 augustus, is de krekt  ôfbrutsen skosse fan de Petermann-gletsjer moai dúdlik te sjen. Op ‘e ûnderste foto, fan 11 augustus, is it byld wat minder dúdlik troch steurende wolkens (wyt werjûn), mar likegoed is wol te sjen dat it iiseilân (ljochtblau) fierder ôfdriuwt oer it wetter (swart) fan ‘e fjord. As it eilân net wer earne oan fêstfriest mar nei it suden ôfsakket, kin de skipfeart der skielk lêst fan krije. De foto’s binne nommen mei de Terra-satellyt fan NASA.petermann_ast_2010223

Ûnderwilens is der yn ‘e Súdpoalkrite, dêr’t it no winter is, just mear pakiis as ea earder metten is. It is noch net dúdlik hoe’t dat komt. It kin te meitsjen ha mei it gat yn ‘e oazonlaach dat yn ‘e maitiid soarget foar in krêftige westewyn om Antarktika hinne en dêrtroch foar it fêsthâlden fan de winterkjeld. In oare mooglikheid is dat it komt, omdat swiet teiwetter, dat op it sâlte oseaanwetter driuwt, earder befriest. Út satellytmjittings docht bliken dat dêr yn it fiere Suden de lêste jierren mear lâniis ferraand is.

Ek sjen:

  1. Simmer offisjeel kletsstrontwiet
  2. FrieslandCampina mear winst
  3. Frou ken mear wurden, man praat mear
  4. ‘Simmer’ wurdt Omrop Fryslân simmerhit
  5. Aloan mear Afrikanen te grou

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic