Skûtsjesurfe
snein 1 augustus 2010It skûtsjesilen mei in tradisjonele sport wêze, der binne langer fernijings. En dat is om mear te rêden as dat der ris in oar skûtsje meifart. Dat is dit jier ek wer it gefal: dy fan Langwar woenen wol wer ris winne en skaften in ‘nijenien’ oan. Mar dat krige allegearre wat te let syn beslach sadat de tarieding, mei ek noch in nije skipper, te koart wie en it skip op it heden meastentiids efteroan bongelet. Nee, de SKS, dy’t it skûtsjesilen dochs autentyk hâlde wol, hat no wier wat tige ynnovatyfs by de ein: op de skûtsjes waarden stjoerders montearre en dêrmei binne de posysjes fan de âlde frachtskippen no hast streekrjocht en tige presiis op it ynternet te folgjen; surf dêrfoar nei sks-kampioenschappen-te-volgen-via-internet.
Spitigernôch wurket de nije applikaasje noch net op mobile telefoans, want it publyk yn Starum hie juster wol wat help brûke kinnen foar it begripen fan it wedstriidferrin. Dat wie om’t dêr ek al wer wat nijs besocht waard: de Starumer wedstriidkommisje aventoere in omloop mei in poarte oftewol in op-en-del-rûte, dy’t foar it taskôgjend laach spitigernôch min nei te kommen wie.
De SKS-wedstriden binne fan’t jier oars tige spannend. Waarden de lêste jierren de kampioenskippen meastentiids ferparte tusken It Hearrenfean, Snits en Grou, oant no ta komme dit jier ek Earnewâld, Boalsert en De Jouwer fanwegen. Mooglik hat dat te krijen mei nóch in fernijing: de SKS besiket it tastiene seiloerflak better yn oerienstimming te krijen mei de krekte ôfmjittings fan de skûtsjes, sadat se technysk besjoen allegearre likernôch like fluch kinne moatte soenen. Lykwols stiet It Fean op it heden dochs wer foaroan yn it klassemint. Mar De Jouwer sit der deun efter en fierders is der de kommende wike ek noch fan alles mooglik.
Op ‘e Snitsermar by Terherne lei De Jouwer in skoft foaroan, mar foar de twadde kear yn dit SKS-kampioenskip hienen hja in fette ôfdijer. Op de iepeningswedstriid by Grou soenen se hast winne mar sylden by de finish de ferkearde kant út en sadwaande wûn Boalsert. Hjir kaam by de Jousters it grutskoat fêst te sitten en dat joech Earnewâld de kâns as earste oer de einstreek te silen. © It Nijs
Op ‘e Langwarder Wiellen rêden de poerbêst silende Jousters it op it lêst al op en einigen as earste. © It Nijs
Ek sjen:








