Stipe foar duorsume enerzjy
woansdei 25 augustus 2010It Duorsumheidsoerlis Politike Partijen seit yn in ferklearring o sa optein te wêzen oer de stipe foar har boargersinisjatyf. Omdat der no al mear as 40.000 stipers binne, is it inisjatyf slagge en kin it nei it simmerreses foarlein wurde oan de Twadde Keamer. It Duorsumheidsoerlis, in gearwurkingsferbân fan sân politike partijen, stiet in oergong fan de maatskip
pij nei folslein duorsume enerzjyboarnen foar. Sjoch ek: Oantrún nedich foar miljeubelied.
It Duorsumheidsoerlis: “Hoewol’t de tidings oangeande it formearjen fan it beëage duldkabinet net al te folle hope jouwe foar de enerzjy-oergong, ferwachtsje wy doch – mei troch ús boargersinisjatyf – de diskusje oer de takomst fan ‘e enerzjyhúshâlding út ‘e politike rinfuorgen helje te kinnen. De opfettings dat te fernijen enerzjy in ‘loftse hobby’ is en dat nije kearn- en koalesintrales ‘needsaaklik’ binne, kin nammentlik hieltyd lestiger oan fêstholden wurde troch in waaksend tal publikaasjes, dy’t no just de ekonomyske foardielen ûnderstypje fan it avensaasje meitsjen mei de enerzjytransformaasje.”
Ek sjen:
- Nije hope foar skjinne enerzjy Marco Witschge, wurdfierder foar de organisators fan it boargersinisjatyf ‘Nederlân...
- Advys: 200 miljoen elts jier foar duorsume enerzjy Dit advys komt fan it toptiim Enerzjy ûnder lieding fan...
- Breed draachflak duorsume enerzjy Wol sân politike partijen – CDA, D66, PvdA, SGP, ChristenUnie, GroenLinks...
- Stipe foar duorsume greidbuorkerij Der is al in protte stipe jûn oan in pleitrede...
- Enerzjy-inisjatyf fersmiten It boargersinisjatyf ‘Nederlân krijt nije enerzjy’, dat opropt ta in...









Erwin
25 augustus 2010 10:59
Moai om te lêzen dat de diskusje libbet!