Terrorismebestriders oer de skreef
freed 13 augustus 2010
LONDEN – De man op ‘e hoeke praat net folle mei de buorlju om’t er wat ienselvich is. Hy betellet mei ree jild om’t er gjin bankpas hat. En hy hâldt de kleden foar de ruten om’t der bussen foar syn hûs lâns ride. Elk feit op himsels seit noch neat, mar mei-inoar kinne se reden jaan om ien net te fertrouwen.
Mei dat boadskip kaam it meldpunt foar terrorisme fan de Britske plysje okkerdeis foar de radio. “Elkenien hat in taak yn de bestriding fan terrorisme. Fertrouwe jo it net? Belje dan de plysje!” sei de sprekker yn it spotsje.
De Britske reklamekoadekommisje hat it spotsje no ferbean. Minsken hienen klage dat folslein ûnskuldich hâlden en dragen op in misledigjende manier as bedriigjend foarsteld waard.
Okkerdeis waard ek buorkundich dat ferskate gemeenten yn it Feriene Keninkryk jierrenlang it ôfeart fan boargers trochsocht hienen om in profyl fan de bewenners fan ferskate buerten gearstalle te kinnen.
Klik hjir om it radiospotsje te beharkjen.
Ek sjen:
- Britske plysje kibbet mei polityk LONDEN – De Britske plysje is neat net wiis mei...
- Oproer yn Londen LONDEN – Yn de Londenske wyk Tottenham wie sneontejûn in...
- Britsk amtsgebed bliuwt LONDEN – De Britske minister fan ynlânsk bestjoer Eric Pickles...
- Bom foar keninginne yn Dublin DUBLIN – Krekt foar de besite fan de Britske keninginne...
- Britske krante fertocht fan ôfharkjen telefoans LONDEN – Grut-Brittannië is raar yn ûnstjoer troch in ôfharksaak...








