Tryater siket frijwilligers
tongersdei 26 augustus 2010Tryater is op syk nei frijwilligers foar de muzikale lokaasjefoarstelling Down South, dy’t alle sneonen en sneinen fan septimber om 13.30 en 16.30 oere spile wurdt yn Techum, de nije wyk ûnder Ljouwert.
De frijwilligers sille assistearje by putsjes as kaartferkeap, publyksbegelieding, katering en klaaiïng. Fan harren wurdt frege dat se 31 augustus, 2 en 3 septimber fan 15.30 oant 18.30 oere en yn de wykeinen fan 4 en 5, 11 en 12, 18 en 19 en 25 en 26 septimber fan 12.30 oant 18.30 oere beskikber binne. Opjaan kin op 058-2882335 of ynfo@tryater.nl. Frijwilligers krije de kâns om efter de skermen mei te draaien by in lokaasjefoarstelling en de foarstelling op syn minst ien kear te sjen.
Oer Down South
Down South is muzykteater op lokaasje, mei bekende Fryske spilers, in manljuskoar, in graafmasine, hynders en in ko. In byldzjende en teatrale tocht, dwers troch gers, sân en modder. In komysk stik dat somtiden ek de pine sjen lit dy’t elk fan ús fielt by grutte feroaringen yn it libben. Mei Joop Wittermans, Leny Dijkstra, Alyt Damstra, Hilbert Dijkstra, Lysbeth Welling, Hans Thissen, Maas Mühren en Riemer van der Wal. Regy: Jos van Kan.
Ek sjen:
- Tryater bringt de seizoenkrante Tongersdei 8 septimber fan 14.00 oere ôf liket de loads...
- Tryater set it yn ‘e kant LJOUWERT – Twa bussen mei akteurs, muzikanten en oare meiwurkers...
- Besunigings slach foar Tryater LJOUWERT – It Ryk is net ree om yn de...
- It kin net oars: Tryater moat ûntslaan Tryater moat yn 2013 trijehûnderttûzen euro besunigje. Dat is it...
- Zylstra set Tryater de foet dwers DE HAACH – De Nederlânske steatssekretaris fan kultuer Halbe Zylstra...








