Wâldpiken harkje nei Fryske muzyk
snein 29 augustus 2010
DE HARKEMA – It earste Frysktalige artystegala yn ‘e Harkema hat freed sânhûndert besikers lutsen. “In grut sukses,” sizze de organisators.
It festival yn ‘e Wâlden wie de ôfrûne tritich jier Nederlânsktalich, mar de belangstelling foar Nederlânsktalige muzyk wurdt dêr de lêste jierren minder. Dêrom is it festival oerstapt op Frysktalige muzyk. It liket derop dat dat in tûke kar wie.
Dit jier wienen ûnder oaren Piter Wilkens (sjoch foto), Die Twa en Gurbe Douwstra fan ‘e partij. Takom jier is it artystegala ek wer Frysktalich.
Ek sjen:
- Non-stop Fryske muzyk LJOUWERT – Moarn begjint op ynternet de Fryske muzyksite omropnonstop.nl....
- Bernlefpriis foar Piter Wilkens Trûbadoer Piter Wilkens krijt tongersdei de Bernlefpriis. Dat makket Omrop...
- Muzyk Maskelyn op 27 nov. Snein 27-11-2011 yn Muzyk Maskelyn op Omrop Fryslânradio om 18.00 oere...
- Frânsktalige muzyk yn it neigean? PARYS – Ferskate Frânske radio-omroppen hawwe ferline wike oanstien op...
- Hollânsktalige muzyk op Radio 2? HILVERSUM – Radio 2 is net fan doel om him...









pizzabakker
29 augustus 2010 14:27
Piter Wilkens is de bêste artyst fan Fryslân!
Erwin
30 augustus 2010 08:39
Wat nuver dat it salang duorre hat. Frysktalige muzyk yn Fryslân soe dochs wat gewoans wêze moatte? Ik seach op de webside fan Omrop Fryslân dat der goed 700 minsken wienen. Oan de belangstelling te sjen komt it dêr wol goed yn ‘e Wâlden.