Aksint ôfleare op kompjûter
moandei 6 septimber 2010LEIEN – It Frysk hat yn ‘bok’ en ‘hok’ twa ferskillende lûden, mar foar in Hollânsktaligen is it net maklik om it ferskil te hearren, lit stean om de lûden sels goed út te sprekken. Friezen hawwe deselde muoite mei de Dútske lûden yn ‘Hund’ en ‘Buch’ of de Ingelske lûden yn ‘bad’ en ‘bed’.
Wa’t nei syn bernetiid in nije taal leart, hâldt oer in generaal it aksint fan syn memmetaal. De krekte útspraak fan de lûden fan de nije taal is dan net maklik mear oan te learen. Om learders te helpen hat de ryksuniversiteit yn Leien it programma Klinker mikken ûntwikkele. Minsken kinne dêrmei oefenje yn it neisizzen fan lûden út oare talen. It lûd dat de kompjûter foarseit en it lûd dat de learder neiseit wurde beide as in kleur op it skerm werjûn. Wat grutter it ferskil tusken de lûden, wat grutter it ferskil yn kleur. Men kin boppedat oan it kleurferskil sjen wat men ferkeard docht: stiet de mûle krekt te fier iepen? Sit de tonge krekt te fier nei foarren of nei efteren ta? Sa kin men jin der op trene om lûden hiel krekt nei te meitsjen. As men alteast net kleureblyn is.
It programma Klinker mikke is fergees te downloaden op ‘e website fan de universiteit: link.
Ek sjen:









Nynke
5 septimber 2010 23:48
Ik heb het gedownload, maar ik snap niet helemaal goed wat ik nu moet doen. Is er iemand die het ook heeft geprobeerd en die het weet? Of moet ik dan de universiteit vragen?
Anonym
6 septimber 2010 20:31
It slagget my likemin. My tinkt dat der triemen ûntbrekke by it útpakken fan de zip-triemen.
pizza boy
17 oktober 2011 15:27
soedest ek in accent kennen oan leren?