Alderein mei graach eamelje
woansdei 1 septimber 2010COLUMBUS – De âlderein fielt him better as er oer it libben fan jonge minsken eamelje kin. Dat seit ûndersykster Silvia Knobloch-Westerwick fan de universiteit fan Ohio. Hja hat ûndersyk dien nei wat minsken fan ferskillende leeftiden graach lêze en hoe’t se dêrop reagearje.
De proefpersoanen krigen in website te sjen mei nijsberjochten. By de titel fan de berjochten stie in fotootsje fan de belangrykste persoan út it berjocht. Wa’t dêrop klikte, krige it nijsberjocht te lêzen.
Alde en jonge minsken liezen beide benammen de ferhalen oer jonge minsken it meast. Jonge minsken liezen lykwols benammen it positive nijs, wylst âlde minsken it leafst negatyf nijs liezen oer jongeminsken.
Nei ôfrin fielden âlde proefpersoanen har tefredener oer harsels as foardat se de stikken lêzen hienen. Op de jonge proefpersoanen hie it lêzen fan de nijsberjochten gjin ynfloed.
De ûndersykster tinkt dat de âlderein him wat tekoartdien fielt yn de maatskippij en dat âlde minsken har nofliker fiele as se it idee krije dat se sels better binne as “dy jongelju”, dy’t der dochs mar in soadsje fan meitsje.
Ek sjen:
- Alderein lokkiger as jongerein Manlju binne it fleurichst as se in jier as sechstich...
- Friezen wolle graach meispylje mei Wendy LJOUWERT – Yn twa dagen tiid hawwe al mear as...
- Aksje tsjin narjen by âlderein NIMWEGEN – Fan ‘t hjerst begjinne guon Nederlânske fersoargingshûzen mei...
- Sweden wolle graach oare namme STOCKHOLM – Mohammed wurdt Karl, Dick wurdt Rick en Andersson...
- Sms-taal is min foar de lêsfeardigens CALGARY – Is sms-taal min foar de taalûntwikkeling? Dêr wurdt...









pizzabakker
2 septimber 2010 00:01
eamel eamel eamel (o nee, ik bin net âld)