Bouterse wurket wer

freed 3 septimber 2010

PARAMARIBO – De Surinaamske presidint Desi Bouterse is juster wer oan it wurk gien. De eardere diktator krige koart nei syn beneaming as presidint knokkelkoarts en waard bêdridich. Hy hat him wylst wer ferhelle.

Bouterse sil hjoed de nije leden fan de steatsrie ynstallearje. Hy is fierders dwaande mei it tarieden fan steatsbesites oan Guyana en Fenesuela. Oer trije wike fljocht Bouterse nei New York ta om foar de miene gearkomste fan ‘e Feriene Naasjes te sprekken.

Ek sjen:

  1. Bouterse presidint Suriname
  2. Bouterse wint ferkiezingen
  3. Bouterse wol mei Brunswijk
  4. Bouterse wol presidint wurde
  5. Desi Bouterse is siik

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic