De frjemden komme!

tiisdei 7 septimber 2010

No’t Wilders wer op ’e wip sit, is it tiid ris te wizen op in folle grutter gefaar as syn Islam. Dat giet nammentlik oer de ûntjouwing fan de wrâldbefolking. Wy hâlde it dan mar ris by ús neiste buorlju yn Afrika. Dêr is de befolking fan 1950 oant 2000 tanommen fan 224 nei 872 miljoen, dat is mei 289%. Yn Europa gie de befolking yn deselde tiid fan 392 nei 512 miljoen, in taname fan mar 31%. Soartgelikense sifers fine wy by ús Aziatyske buorlju.

De dêrby hearrende bylden fan earmoed binne ús allegear bekend. No soe dat allegear noch net sa slim wêze, as de minsken dêr mar net wisten dat it ek oars koe en as se mar net bedrige waarden troch de groeiende woastinen en it geweld fan bewapene kloften. No’t dat allegear wol sa is, ûntstiet der in druk om bettere plakken te sykjen. Hiele famyljes spanne har yn om ien fan harren nei Europa reizgje te litten en ferwachtsje dêr dan wûnders fan. En wês mar earlik: sa gie it hjir oant 1960 ta ek mei de emigraasje nei Amearika.

Dêr wie lykwols ien grut ferskil: it hast lege Amearika woe dy minsken graach hawwe om it lân op te foljen. Boppedat pasten dy troch har eftergrûn en oplieding folle better yn dy maatskippij as gâns fan de ynkommelingen út Azië en Afrika. De grutte stimmewinst fan partijen as de PVV is dêrom net mear as in foarteken fan de grutte problemen dy’t te ferwachtsjen binne. It begjin sjogge wy al yn lannen as Grikelân en Italië.

De oplossing kin net oars wêze as dat wy de maatskippij fan Europa nei Afrika bringe. Dat sil allegear moatte op in wize dy’t past by de ûntfangende maatskippij-foarmen. Eigen aktiviteit fan de minsken dêre sil de trochslach jaan moatte. Ien en oar betsjut grif wol in folle gruttere en effektivere ûntwikkelingshelp as oant no ta jûn wurdt.

Pyt

Ek sjen:

  1. Ruslân wol botsing tefoaren komme
  2. Dêr komme de skutters
  3. Yn de kunde komme, net genôch
  4. De eftergrûn fan it moslim-ekstremisme
  5. De Bildstars komme

9 reaksjes op “De frjemden komme!”


  1. Erwin
    8 septimber 2010 20:11

    De maatskippij fan Europa nei Afrika bringe heart wol goed, mar miskien wolle de Afrikanen dat wol hielendal net…

    Ik tink wol dat de minsken wat minder bern meitsje moatte, want al dy bern moatte fansels allegear ite en wy wolle hieltyd mear lúkse ha, ek yn de ûntwikkelingslannen.

    Ik sjoch in te grutte wrâldbefolking en de klimaatferoaring as gâns gruttere gefaren as wêr’t Wilders it oer hat.


  2. Wilfred Anker
    11 septimber 2010 22:58

    Ik haw de yndruk dat sommigen dy’t kollums skriuwe meie op itnijs.nl dit haadsaaklik brûke om harren averzje tsjin de PVV te uterjen. En dêrby wurdt in Godwin mear of minder net mijd.

    Spitich, sa kriget de side wol in hiel ientoanich lûd. Hawwe jim noch mieningen oer oare ûnderwerpen, lykas it wichtichste ûnderwerp fan no: de ekonomy?


  3. Nynke
    11 septimber 2010 23:05

    @Wilfred Anker: eigenlijk heb je wel een beetje gelijk. Ik heb helemaal niets met Wilders, maar elke dag hoor ik wel iemand iets over hem zeggen. Hij krijgt gewoon veels te veel aandacht. De economische crisis is veel belangrijker. Ik ben heel erg benieuwd (en een beetje bang) waar Rutte en Verhage op willen bezuinigen. Ik hoop niet op het onderwijs. Dat hogere collegeld vind ik al heel erg jammer. Nu kun je bijna niet meer een vervolgstudie doen.

    (Is het zo al iets minder ientoanich?) :)


  4. Wilfred Anker
    11 septimber 2010 23:09

    Binne we dat gedicht fan F. Schurer faaks fergetten?

    Fryslân ropt! De findels foar!
    Net mear drige,
    Yn ‘e rige!
    Fol de kloft fan striders oan;
    Is ús folk syn kriich ûntstoarn?
    War dy! Fries fan ‘t âlde skaei
    ‘t Alde heitelân is faei,
    ‘t Wurdt fan folk en frjemd forskopt
    Foar de findels! Fryslân ropt!

    Feinten, hâld de fûsten ré!
    Hûs en hurden
    Binn’ forwurden,
    Frjemden wâdzje ús ikkers oer,
    Basters lizze ‘t hôf yn fjûr;
    War dy! foar it erflik gea;
    Hoedzje ‘t lân foar skande-dea.
    War dy! Sprek dyn tongrjend: Né!
    Feiten hâld de fûsten ré!

    ensfh.

    Wilders soe it net yn syn holle helje sokke wurden te brûken. Dochs wy bewûnderje dizze grutske Fries dy’t ús foarbyld is yn de Fryske striid.


  5. Loffiis
    12 septimber 2010 01:10

    @Wilfred Anker Gie dat net oer in tiid dat der wurklik ôfgryslike dingen barden yn de Fryske fjilden?

    Besiden dat, Wilders hat it oer de Islam. Net oer Al Qaida, no? Der binne ommers al Friezen dy’t ‘de kloft fan striders’ oanfold ha.


  6. Wilfred Anker
    12 septimber 2010 10:06

    @ Loffiis

    Strykt, dat gedicht is yn oare tiden skreaun. Mar it sil dochs net sa wêze dat Schurer samar ynienen sa’n fûl stik skriuwt, en dat er derfoar en dernei dêr ôfstân fan nimme soe / nommen hat. De fûleindigens kaam der yn dy tiid mei dit gedicht út, mar striidbere gefoelens en idealen wiene net nij.

    Wilders hat it oer de Islam. En mei him wize in protte minsken derop dat de islam mei in ‘kolonisaasje’ fan Europa dwaande is. Net mei geweld ditkear (sa’t doe yn Wenen in pear kear, yn Spanje, ensfh) mar no fia ymmigraasje en bertesifers. Yn it lân rint it al tsjin de 10 persint; yn sommige wiken fan de stêden is hja fier yn ‘e mearheid. Dêr fernimme we yn it moaie Fryslân net folle fan, mar der binne wol mear dingen dy’t wol barre en dy’t we net fernimme hjirre.

    Yn ‘e jierren 80 en 90 waarden we ek altiten wiisd op it gefaar fan neonazi’s (de kealen mei symboalen). Doe leaude elts ál dat dêr in grut gefaar yn siet, wylst noch nimmen echt ien sjoen hie. No hearre je der neat mear fan.


  7. Loffiis
    12 septimber 2010 12:46

    Eins tink ik dat dy striidberens noch hieltiten yn de Fries, of lit ik sizze yn elts minske, ferskûle sit. Mar blykber komme se ús, wa’t dat dan ek binne, noch net tenei.

    Ik bin mei dy iens dat de ymmigraasje fan Moslims tige hurd gong is en ik kin begripe dat in maatskippij dat net samar opfange kin. Mar it binne de lannen sels dy’t dat dien ha troch harren doarren iepen te setten foar safolle ymmigraasje. Moslims binne lykas oare minsken: as se tinke dat it hjirre better is dan komme se. Dat tochten Friezen ommers ek doe’t se emigrearden.

    Wy hawwe it dus sels dien. It wie net allinnich ymmigraasje mar ek in ynvitaasje.. En dat hat neat mei in ynvaazje te krijen…

    It gefaar fan, of de gedachte efter de neonazi’s, binne dochs dúdlik? Dêr hiene wy dochs al earder mei te krijen hân, al wie it yn in nij jaske?

    En in striid tsjin wat noch net te sjen is… Ik kin der alhielendal neat mei. Behalven dat it mar al te maklik liede kin ta in ‘self fulfilling prophecy’. Eat wat der eins net wie mar troch ússels sa makke is en der dêrtroch dochs komt..

    Wy libje no alwer in skoft yn frijheid.. Soenen wy dan net alles op alles sette moatte om dat te behâlden? Is dan net it earst needsaaklike dat wy mei-inoar, Moslims en Europeanen, leare om te gean, yn stee fan ús fan harren ôfdraaie en as mooglike fijân del te setten?

    Of is de eangst en de ôfkear al safier dat dy wei al ôfsluten is? Sjoch, dat is no myn eangst. Dat it, yn elts gefal yn Nederlân, al te let is foar in freedsume oplossing yn dizze selsmakke ympasse.

    Der binne wol hûndert ûnsichtbere fijannen te betinken. Dêr kinne wy ús net tsjin wapenje. Dat hat nea kind en dat sil ek nea kinne. De enerzjy dy’t dat kostet soe ús finansjeel en mentaal folslein útrûpelje. Us wrâld is no ien kear net feilich.

    Begryp my goed. Ik kin de muoite dy’t guon minsken mei Moslims ha begripe. Mar leau net dat wy safier de goede wei fûn ha om dermei om te gean.


  8. Erwin
    12 septimber 2010 15:02

    Stek de PVV mar yn dyn kont!


  9. roel
    23 septimber 2010 00:58

    Achte Pyt,

    Ik bin it mei dy iens dat de ynkommens- en kultuerferskillen tusken Afrikanen en (west)Europeanen sa grut binne dat ymmigraasje út Afrika wei ôfremme wurde moat. Kultuerbotsingen of ekonomyske migraasjestreamen kinne wy tefoaren komme.

    Mar fierders moat Afrika it sels mar útfine. Sy moatte kânsen krije foar earlike hannel, mar foar de rest moatte sy net tefolle stjoering of jild krije, dat remmet harren eigen ûntwikkeling allinnich mar ôf. Oer it generaal binne de Afrikaanske lannen ryk, want Afrika is ryk oan grûnstoffen. De sinten wurde lykwols net goed bestege. Dat is in yntern probleem.

    De priis foar de bêste Afrikaanske politike lieder – ha jim dêr wolris fan heard? No, dy is al twa kear net útrikt omdat de Afrikaanske presidinten net oan de kritearia foldogge…

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic