EK-keatsen letter los (update)
woansdei 8 septimber 2010
AMSTERDAM - De Nederlanske keatsploech is slachtoffer wurden fan de staking op de Frânske luchthavens. De ploech soe tiisdeitemoarn ôfsette nei it Spaanske Valencia dêr’t fan ‘e wike it Europeesk kampioenskip keatsen is. Mar troch de staking koe it fleantúch net de loft yn.
De ploech fleach no tiisdeitejûn om seis oere fan Skiphol nei Alicante en dêrwei is it noch 350 km mei de bus nei Valencia. Se komme nei gedachten om tolve oere nachts oan.
De Belgyske en Frânske keatsers hawwe ek te lijen fan ‘e staking by de Frânske loftferkearslieding.
(Boarne: Omrop Fryslân)
UPDATE: Yn ferbân mei de fleanstakings binne de wedstriden fan it Nederlânske tiim foar hjoed oergien. De Nederlanners spylje no moarnier harren earste wedstryd.
Ek sjen:
- Hjoed ûnderwiisstaking LJOUWERT – Goed hûndert Fryske skoallen dogge tiisdei mei oan...
- Update: goud foar Daan & Sjinkie MOSKOU – De manljusshorttrackploech mei ûnder oaren de Friezen Daan...
- Winst foar Real Madrid Real Madrid stiet noch mar ien punt efter konkurrint FC...
- EK: Spanje wint ek lokaal spul VALENCIA – Spanje hat ek de twadde rige wedstriden op...
- Maas oerstreamt (update) MAASTRICHT – Mei’t it wetter yn de Maas rêd opkomt,...









johan
8 septimber 2010 19:49
Hoe hawwe se it dien?