Formaasjekrisis yn Nederlân /update

woansdei 1 septimber 2010

keninginne Beatrx

DE HAACH – Net allinne súdlik fan Breda is it formearjen fan in nij regear dreech, yn De Haach liket de formaasje ek wer te stûkjen. It ferset by it kristen-demokratyske CDA tsjin in regear mei de PVV fan Geart Wilders waakst hieltyd fierder oan. Ab Klink, de minister fan folkssûnens, hat him no ek útsprutsen tsjin sa’n regear. Klink is nei Maxime Verhagen de wichtichste ûnderhanneler foar it CDA yn de formaasjepetearen.

Mocht ynformateur Ivo Opstelten fan betinken wêze dat in regear mei CDA-VVD-PVV gjin takomst hat, dan sil keninginne Beatrix in ynformateur oanstelle moatte om de kânsen fan in oar kabinet te ûndersykjen. Hja kin ek sels in kabinet formearje. Yn de kranten wurdt al wakker praat oer nije regearingskombinaasjes. De Ljouwerter Krante neamt fiif mooglikheden:

1. it foar de hân lizzende middenkabinet CDA-VVD-PvdA;

2. in sintrum-links kabinet mei CDA-PvdA-SP-GrienLinks;

3. in pears kabinet sûnder PvdA, dus mei CDA-VVD-D66-GrienLinks, om de CDA’ers dy’t net mei konkurrint PvdA regearje wolle te skewielen;

4. in kabinet Rutte, mei in regearakkoart skreaun troch VVD-foaroanman Mark Rutte. Wa’t wol, kin dan oankowe. It leit net yn ‘e reden dat de keninginne dy mooglikheid kiest;

5. in ekstraparlemintêr kabinet: mochten de partijen der net útkomme, dan kin de keninginne sels saakkundige ministers mei of sûnder partijlidmaatskip beneame.

UPDATE: Ab Klink seit definityf nee tsjin gearwurking tusken it CDA en de PVV yn in kabinet. Dat hat er yn in brief oan kollega-ûnderhannelder Maxime Verhagen en partijfoarsitter Henk Bleker te witten dien. Klik hjir om it brief te lêzen.

Ek sjen:

  1. Update: Rutte formateur
  2. Ab Klink út Keamer wei
  3. PVV wol dochs trochprate
  4. Rosenthal en Wallage ynformateurs
  5. Keamerferkiezingen op 9 juny

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic