Frou Astiany noch net stiennige
tongersdei 9 septimber 2010
Sakineh Mohammady Astiany (Foto: AP)
TEHERAN – Iran hat it stiennigjen fan Sakineh Mohammady Astiany foarearst opkeard. It frommeske is feroardiele foar oerhoer en moard. Dat wurdt yn Iran bestraft troch ien mei stiennen dea te smiten.
Neffens de autoriteiten hat frou Astiany skuld bekend. It is lykwols net wis oft hja wol wit wat har frege is. Frou Astiany heart by de Turksktalige minderheid yn Iran en ferstiet amper Perzysk. Fan it proses hat hja dêrtroch net folle begrepen.
De gong fan saken hat oer de hiele wrâld protesten oproppen. It is net bekend wat no mei frou Astiany barre sil.
Ek sjen:








