Frysk leare kin ek yn Leien

tiisdei 7 septimber 2010

Al sûnt 1950 hat de Universiteit Leien yn de mande mei de Fryske Akademy yn Ljouwert in learstoel Frysk. De learstoel is lyts, de belangstelling grut. By it kolleezje heart in besite oan Ljouwert. Want dêr hat noch lang net elke studint west.

Fryske Akademy
Yn de resinte berjochten fan ferline wike oer de stúdzje Frysk wurdt de yndruk jûn dat it allinnich in Grins (haadfak) en Amsterdam (minor) mooglik is om Frysk te studearjen. Dat is net sa. Sûnt 1950 ûnderhâldt de Leienske universiteit in bysûndere learstoel Fryske Taal en Letterkunde. Yn it earstoan waard dizze learstoel bekostige troch de provinsje Fryslân, sûnt jier en dei is de Fryske Akademy yn Ljouwert der ferantwurdlik foar, tegearre mei de Leienske Fakulteit fan de Geasteswittenskippen. Sjoen de grutte fan de learstoel (0,1fte), is it oanbod fan kursussen lyts; de belangstelling is lykwols grut.

Aldfrysk
Learstoelhâlder prof. dr. Rolf Bremmer, heechlearaar Ald-Ingelsk én Frysk: ‘Elk jier bied ik in kursus oan. De iene kear is dat in ynlieding yn de midsieuske Fryske taal en kultuer, de oare kear in oersjoch fan de wederwarichheden fan it Frysk troch de ieuwen hinne.’ It giet ynearsten om ûnderwiis op bachelornivo, mar mei in ferswierre lêslist en in grutter wurkstik kinne masterstudinten ek meidwaan. ‘Dit jier wie Alfdrysk oan bar. Ik hie in groep fan tolve entûsjaste kursisten.’

Ferskaat
Organisatoarysk falt de learstoel ûnder de Oplieding Nederlânsk, mar studinten komme út in soad ferskillende hoeken, net allinnich fan Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk en skiednis, mar ek fan Japansk, sosjology en argeology. Dat ferskaat makket de wyklikse gearkomsten tige libben.’ De kursussen wurde steefêst ôfsluten mei in iendeiske besite oan Ljouwert. ‘It is nuver hoefolle studinten noch nea yn Fryslân west hawwe.’

Bûtenlân
Ynteresse foar de Leienske frisistyk komt ek út it bûtenlân. Bremmer: ‘Dit jier haw ik in kursus Aldfrysk oanbean yn it ramt fan de Leienske simmerskoalle foar talen en taalkunde. Yn in yntinsyf programma fan twa wiken hawwe – alwer – tolve studinten út in ferskaat oan lannen, fariearjend fan de FS oant Sweden en fan Kroaasje oant Ingelân, de knepen fan it fak leard. De begearigens dêr’t se de stof mei opnamen en ferwurken wie tige oansteklik. Ek al is de Leienske foarsjenning lyts, yn in heal jier 24 studinten ôfleverje dy’t in kursus Aldfrysk folge hawwe, kin in fergeliking mei Grins en Amsterdam tegearre maklik trochstean.’

Ek sjen:

  1. Frysk foar abbekaten
  2. De NHL hat mear studinten Frysk
  3. Goede baan nei stúdzje Frysk
  4. Nije boargemaster sil Frysk leare
  5. Sân nije studinten Frysk by NHL

10 reaksjes op “Frysk leare kin ek yn Leien”


  1. Anonym
    7 septimber 2010 20:04

    Men kin Frysk studearje op seis plakken:

    * Grins, (RUG): minor, bachelor en master
    * Amsterdam (UvA): minor
    * Leien (UL): minor
    * Ljouwert (NHL): minor, bachelor en master (hbû)
    * Kiel (CAU Kiel): minor, bachelor en master
    * Flensburg (UF): minor

    Dêrnjonken binne der ûnderskate universiteiten en hegeskoallen dy’t kursussen Fryske taal en/of kultuer oanbiede.


  2. Erwin
    8 septimber 2010 20:15

    En no noch gewoan op skoalle!


  3. Anonym
    8 septimber 2010 21:21

    Sûnt in jier as wat is Frysk op beide Fryske pabo’s in fêst ûnderdiel. Der is gjin nije ûnderwizer dy’t net Frysk skriuwe kin. Mei tank oan de provinsje. De iene nei de oare skoalle wurdt trijetalich – al dan net mei in sertifikaat. Skoallen moatte in taalbeliedsplan skriuwe. It Boppeslach-projekt makket it skoallen mooglik om harren kwaliteit te ferbetterjen. De hegeskoallen kinne de fraach fan ûnderwizers nei neiskoalling yn it Frysk amper oan.

    Soks is ek sichtber. It oanpart Friezen dat Frysk skriuwe kin giet mei sprongen foarút. Yn 1980 wie dat noch 10% fan ‘e minsken, yn 1994 al 17% en by de fluchhifking fan de provinsje fan 2007 kamen de ûndersikers op 26%.

    Men kin in soad eamelje oer wat der ferkeard is, mar men mei ek wolris wurdearje wat der allegear dien wurdt en hoe’t in grut ferskaat oan ynstituten tiid en jild stekt yn it ferbetterjen en ferbreedzjen fan it Frysk ûnderwiis.

    Men kin net fan de flier op ‘e souder, mar Fryslân is al lang fan ‘e flier nei de earste ferdjipping opklommen en stiet klear om de folgjende trep te beklimmen.


  4. Lútsen
    10 septimber 2010 16:25

    @Anonym: Jo hawwe grut gelyk! Wy moatte net altyd lêbje en sangerje oer dat wat wol better koe. It binne nijsgjirrige sifers lykwols, dy fan 10% tritich jier lyn en 26% hjoed-de-dei. Ik haw okkerjiers de Ljouwerter Krante dy sifers ek ris foarlein (doe siet it op likernôch 20% Fryskskriuwers). Ik hie krityk op it lege persintaazje – 4% om dy roai – Frysk dat der yn de LC stiet. As hja ‘meiûntwikkelje’ soene en meigean mei de stream fan ûntjouwingen yn de Fryske mienskip, dan soe de krante hjoeddeis seisentweintich persint, d.i. foar mear as in fyfde part, Frysktalich wêze moatte. HALLOOO !!! WEKKER WURDE !!!


  5. johan
    10 septimber 2010 16:56

    Leeuwarder Courant = K*T krant


  6. EE7
    10 septimber 2010 17:11

    @Lútsen: dat is in moaie redenaasje. Soks soe de Ried fan de Fryske Beweging de LC ek wolris foarhâlde kinne: de maatskippij feroaret en de LC stiet stil. Mar ik tink dat de LC bang is foar in pear Hollânsktaligen dy’t dan lulke brieven begjinne te skriuwen.


  7. EE7
    10 septimber 2010 17:21

    P.S. It falt my op dat der foaral reagearre wurdt op artikels oer de Fryske taal en oer Wilders. Binne dat de iennige ûnderwerpen dy’t Frysklêzers nijsgjirrich fine? Of lokje se gewoan mear diskusje út as oare saken? Ik sjoch frij geregeld op dizze site en ik fyn it krekt aardich om dan yn it Frysk oer Obama of oer Berlusconi te lêzen. Mar miskien wolle de measte “reaguurders” sokke dingen hielendal net yn it Frysk lêze?


  8. Nynke
    10 septimber 2010 21:39

    Ik denk dat de meeste mensen die It Nijs lezen het Frysk heel belangrijk vinden. Anders zouden ze wel Nu.nl of zo lezen. Dus niet zo gek dat ze vooral op berichten over de Friese taal reageren.


  9. Johannes
    10 septimber 2010 22:16

    Frysk is tige wichtich foar my. Hikke en tein yn in Frysk doarp. Faaks it wichtichste yn myn libben. Ik bin bliid dat ik hjir lês, dat der op sa’n protte plakken Frysk leard wurde kinne. Ik hoopje, dat ik noch tiid genôch haw om Frysk B en C lessen te learen. Frysk A haw ik dien en kin my dêrtroch in bytsje rêde mei it Frysk skriuwen. De Friezen soenen harren skamje moatte dat se net Frysk skriuwe kinne. De LC as grutste krante yn Fryslân soe folle mear yn ‘t Frysk skriuwe kinne. De measte LC sjoernalisten binne analfabeet yn ‘t Frysk. Se kinne it hast net prate en al hielendol net skriuwe. Soenen se dat wol kinne dan waard it Frysk folle better brûkt troch elkenien.


  10. Erwin
    11 septimber 2010 10:17

    @EE7, reagearresto wol op oare berjochten dan?

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic