Fryske boekemoanne begûn

sneon 4 septimber 2010

LJOUWERT – De kâns dat je wer minsken mei in kroade fol Fryske boeken oan ‘e doar krije is oanwêzich. Utjouwers fan Fryske boeken wolle der wer mei útein sette. Ek oare aktiviteiten moatte it Fryske boek populêrder meitsje.

Want it Fryske boek, al binne der in hiel soad fan, wurdt minder goed ferkocht. En dat is spitich. It Fryske boek moat út de negative sfear helle wurde. Mei bygelyks twittergedichten en muzyk. Freed begjint de moanne fan it Fryske boek mei in boekebal.

Boekhannels hawwe it ynisjatyf naam ta dizze moanne, wêryn’t in hiel soad aktiviteiten organisearre wurde om it Fryske boek hinne. Sa is der bygelyks ek in literêre moadeshow. Greet Andringa is de skriuwster fan it boekewikegeskink Los sân. Sy makket in hiele toernee troch de provinsje yn in spesjale fertelbus.

(Tekst: Omrop Fryslân)

'Los sân' - it boekewikegeskink fan Greet Andringa.

Ek sjen:

  1. Kado-aksje Audiofrysk Alle keapers fan in Frysk boek krije yn de Moanne...
  2. Ferkeap Fryske boeken gelyk LJOUWERT – Troch de Moanne fan it Fryske Boek is...
  3. Fryske gedichten op ‘e telefoan LJOUWERT – De jonge, multymediale lêzer waarm meitsje foar Fryske...
  4. Moanne fan it Fryske boek 2011 LJOUWERT – It boekemoannegeskink fan 2011 is skreaun troch Hylke...
  5. Fryske en Stellingwerver boeke-aksje LJOUWERT – Op freed 3 septimber giet de alhiel fernijde...

Reacties zijn gesloten.

Realisaasje: Pronamic