Fryske terreur yn Ljouwert

woansdei 8 septimber 2010

LJOUWERT – In ûnbekende hat tiisdeitemoarn om healwei achten hinne in strjitstien troch in rút fan it Ljouwerter stedskantoar smiten. De stien wie bewuolle yn in Fryske flagge. De klinkert kaam út ‘e fluorring fan ‘e Toerstrjitte en bedarre by de húskes fan ‘e gemeentlike belestingtsjinst op ‘e flier.

De gemeente Ljouwert hat ferline wike in nije folder oer ôffal ferstjoerd yn it Nederlânsk, Ingelsk en Arabysk, mar net yn it Frysk. Dêr is in soad krityk op kommen. Mooglik binne de stien en de flagge dêr in protest tsjin.

De gemeente hat de stien weromlein yn ‘e dyk. De Fryske flagge hinget no by de belestingamtners oan ‘e muorre.

Ek sjen:

  1. Krityk op taalbelied Ljouwert LJOUWERT – De gemeente Ljouwert hat krityk krigen oer it...
  2. Ljouwert en it Fryske Boarnsterhim De gemeente Ljouwert oer de eventuele fúzje mei Boarnsterhim. Ljouwert...
  3. Ljouwert mei oan it Frysk De gearfoeging fan Boarnsterhim mei Ljouwert kriget gefolgen foar it...
  4. Noard-Fryske sjongkriich It is it earste sjongfestival yn it Noard-Frysk! Hjoed sille 27...
  5. Ljouwert wol ek kannabisklup LJOUWERT – De gemeenterie fan Ljouwert hat boargemaster Ferd Crone...

3 reaksjes op “Fryske terreur yn Ljouwert”


  1. johan
    8 septimber 2010 19:51

    Echt Frysk terrorisme. Eng hear!


  2. Erwin
    8 septimber 2010 20:07

    Ja Johan, kinst net iensen mear feilich oer strjitte soe beppe wol sizze. In kolumnist hie hjir wat skreaun oer de Ljouwerter Krante as rabbelblêd, hat It Nijs no ek twa gesichten?


  3. Nynke
    8 septimber 2010 23:44

    Ieuw! Dat moeten ze niet doen. Geweld en vlaggen krijgen mensen een akelig gevoel van.

Realisaasje: Pronamic