Gjin Belgysk regearakkoart

freed 3 septimber 2010

BRUSSEL – It is Elio di Rupo net slagge om de sân partijen dêr’t er wiken mei ûnderhannele hat op ien streek te krijen. De preformateur freget kening Albert hjoed om him dien te jaan.

It is de twadde kear dizze wyks dat Di Rupo it oerjaan wol. Snein wie er ek by de kening, mar dy wegere doe syn ûntslach. De Frânsktalige partijen wolle in kompensaasje no’t Frânsktalige ynwenners fan it distrikt Brussel-Halle-Vilvoorde aansen net mear op Frânsktalige partijen stimme meie. De Nederlânsktalige partijen wolle mear foech foar de de lânsdielen en in finger yn ‘e brij yn Brussel. Oer dy twa punten kinne de partijen it mar net iens wurde.

Ek sjen:

  1. Foarstel foar Belgysk regearakkoart
  2. Di Rupo wol no echt in Belgysk regear
  3. Di Rupo moat trochformearje
  4. Belgyske tûkelteam romme
  5. Formaasjekrisis yn België

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic