God bestiet net
freed 3 septimber 2010OXFORD – De oerknal is te ferklearjen mei de wetten fan de natuerkunde. Foar it ûntstean fan it hielal is gjin eksterne “skepper” nedich. Der is gjin reden mear om it bestean fan in God oan te nimmen.
Dat skriuwe de natuerkundigen Stephen Hawking en Leonard Mlodinow yn harren boek The Grand Design, dat krekt ferskynd is. Neffens harren kin mei de swiertekrêft ferklearre wurde dat eat út neat ûntstiet. Yn earder wurk hold de wrâldferneamde Hawking der noch rekken mei dat der faaks in God nedich wie om it bestean fan it hielal te ferklearjen.

Stephen Hawking
Ek sjen:









loffiis
3 septimber 2010 11:34
Eh, aardich hear en net iens nij, mar sûnt wannear is de swiertekrêft neat?