In protte hynstebiters

tongersdei 2 septimber 2010

De hynstebiter is in wetterjuffer dy’t hjir foaral by ‘t hjerst tahâldt. Dy grutte libellen jeie graach by de boskrâne lâns. De ôfrûne dagen is der geregeldwei melding dien fan grutte oantallen.  Ut plantaazje Willem ll  by Elst waarden mar leafst 150 trochjûn.

Fan heal augustus ôf is it hynstebiterstiid. Rûnom yn Nederlân is dy libel dan te finen. Se sitte geregeldwei oan de râne fan ‘e bosk en op oare besmoute waarme plakken, allinne of yn groepen byelkoar. Dêr jeie se op miggen, neven en oare ynsekten. Foaral  nachts binne groepkes jeiende hynstebiters te sjen, op inkele meters hichte hinne en wer fleanend  by de beammen lâns , oant fier by it wetter wei. Trochdat se triljend mei efterliif en flerkjes har bealchjes opwaarmje kinne, kinne se sawol foar  sinne-opgong as nei sinne-ûndergong warber wêze. Wy sjogge no allinne ús “autochtoane” hynstebiters; oer in pear wike foegje de ‘allochtoane’ út Midden-Europa har derby. De wetterjuffers kinne enoarme ôfstannen ôflizze en fan de iene op de oare dei samar earne wêze. No binne der al 10, 50 of sels 100 eksimplaren.

 Grutte oantallen hynstebiters binne ûnder oaren melden út de omkriten fan Hilversum, Elst, Veenendaal en Tilburg. It wyfke set har aaikes ôf op of ûnder it wetteroerflak, op alderhanne planteftich materiaal : heal ferrotte woartels en blêden, mar ek op libbene planten . De aaikes komme earst nei de winter út en de larven libje yn it wetter fan alderhanne dierlik materiaal en sels fan elkoar, want de larven binne kannibalistysk as it har sa útkomt.  De wrede namme ‘hynstebiter’ hawwe de libellen te tankjen oan har jachtmetoade. Se bejeie net de hynders sels, mar wol de Drintske miggen en oare miggen dy’t om it hynder hinne tyskje. Fan ôfstân liket it oft se de hynders oanfalle. Mar neat is minder wier: hynders hâlde fan hynstebiters!

Ek sjen:

  1. Ynvaazje fan Hynstebiters
  2. In protte groanyske sykten
  3. In hiele protte protters
  4. Fryske hynders nei plysje Kolombia
  5. Protte folk nei kruiend iis

Wat is jo miening?

Realisaasje: Pronamic