Jezus fan wyt nei read
freed 3 septimber 2010GIESSENBURG – Joop van Ooijen út it Súd-Hollânske Giessenburch hat it lêzen op syn dak oanpast. Van Ooijen hie yn grute wite letters de sin “Jezus redt” op it dak fan syn boerepleats ferve. De gemeente Giessenlanden en de provinsje Súd-Hollân beskôgen dat as in oantaasting fan it lânskip. Uteinlik krige Van Ooijen de opdracht om de tekst fuort te heljen, wat er oant no ta wegere hat. Hy hat de tekst fan ‘e wike al minder opfallend makke: de letters binne no read en oranje ynstee fan wyt (sjoch de ûndersteande foto). Van Ooijen hopet dat de oerheden dat al akseptearje. Dogge dy dat net, dan moat de misjonêre kristen in twangsom fan 500 euro deis betelje.
Ek sjen:









pizzabakker
3 septimber 2010 18:56
Jezus fersjit fan kleur
As er heart fan dat geseur